Springe nei ynhâld

De Hûn (mûne): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
L Drewes moved page De Hûn (mole) to De Hûn (mûne)
 
(Gjin ferskil)

De hjoeddeiske ferzje sûnt 15 sep 2017 om 15.34

De Hûn (2008)

De Hûn (De Hond) is in stellingmûne flakby Paezens, yn de gemeente Dongeradiel.

De Hûn waard yn 1861 boud. De achtkante nôtmûne is fan hout op in stiennen ûnderbou en dekt mei reid. Yn 1950 waard foar de mûne in sloopfergunning oanfrege en ferliend, mar ta ôfbraak is it net komd. De Feriening De Hollandsche Molen kocht De Hûn, dy't der doe ferfallen by stie, yn 1968 foar it symboalyske bedrach fan ien gûne oan. Fan 1969 oant 1971 waard dizze boppekruier hielendal restaurearre. Sûnt 1977 is De Hûn eigendom fan de Stifting De Fryske Mole. De mûne is net mear yn bedriuw.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]