Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Solwerd

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Tsjerke fan Solwerd
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Iemsdelta
plak Solwerd (Appingedam)
adres Solwerderweg 5-a
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip 53° 19' N 6° 52' E
Arsjitektuer
boujier 1783
boustyl klassisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8252
Webside
PKN Appingedam
Kaart
Tsjerke fan Solwerd (Grinslân)
Tsjerke fan Solwerd

De Tsjerke fan Solwerd is in gebou út 1783 yn it Grinslânske Solwerd, dat tsjintwurdich diel útmakket fan Appingedam.

Skiednis

It klassisktyske tsjerkegebou stiet op it plak fan in midsiuwske tsjerke, dy't nei in brân yn 1536 ôfbrutsen waard. Noardwestlik fan 'e hjoeddeiske tsjerke stie in kapel, dy't oer in sleat boud waard nei in hostywûnder. Nei de stelderij fan in tsjelk út 'e tsjerke waarden de hosty's nammentlik driuwend mei in ljochtsjend skynsel yn dy sleat werom fûn. De kapel waard in beafeartsplak en fan it heechalter rûn in trep nei de sleat, werfan't tocht waard dat it wetter genêskrêftich wie. De kapel waard nei de brân fan de midsiuwske tsjerke ek de parochytsjerke fan it doarp en nei de ynfiering fan 'e reformaasje in protestantsk tsjerkegebou. It soe lykwols noch lang duorje ear't de trep nei de sleat ôfsletten waard.

Oargel

Pas tsjin it ein fan 'e 18e iuw waard ek de âlde kapel ôfbrutsen en ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke op it plak fan 'e yn 1536 ôfbaarnde midsiuwske tsjerke. Jonkhear Adriaan Gerlacius makke de bou mooglik en nei't de tsjerke skansearre rekke yn de tiid fan it Belis fan Delfsyl (1813-1814) soe dyselde jonkhear op 'e nij jild jaan foar de restauraasje fan 'e tsjerke.

De tsjerke waard yn de jierren 1970 restaurearre. Yn 2003 hat der noch in renovaasje plakfûn.

Klokkestoel

Njonken de tsjerke stiet in klokkestoel mei in klok út 1949, dy't skonken is troch de gemeenteleden oan 'e tsjerkfâldij. De oarspronklike klok waard yn de Twadde Wrâldkriich foardere troch de besetter.

Oargel

It oargel datearret fan 1860 en is ôfkomstich út de kontrijen fan Oosterhout. De Belgyske oargelmakker Henri Houtert feroare yn 1891 it oargel. Nei't it oargel yn 1914 yn in kapel stie fan it Pensionaat Sint-Anna yn Oosterhout waard it yn 1942 troch Adema nei Solwerd ferhûze, by de opbou fan it oargel yn Solwerd waarden der guon feroarings oanbrocht. Berend Veger en Winold van der Putten revisearren it ynstrumint yn 1993. It oargel besit ien manuaal en acht stimmen.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brosjuere Stifting Alde Grinslânske Tsjerken (Side SAGT)