Springe nei ynhâld

Bisdom Grins-Ljouwert

Ut Wikipedy
Bisdom Grins-Ljouwert
Basisgegevens
Tsjerkeprovinsje Utert
Katedraal Sint-Joazefkatedraal
Patroanhillige Sint-Bonifatius
Hiemside bisdomgl.nl
Skiednis
Oprjochting 1956
Hierargy
Biskop Ron van den Hout
Statistyk
Oerflak 9.205 km²
Parochy's 20 (2021) dêrnjonken: 1 migrantemienskip
Tal tsjerken 79 (2021)
Tal katoliken 96.000 (2021)
Bisdomgebiet (read)
Bisdomgebiet (read)

It bisdom Grins-Ljouwert (Latyn: Dioecesis Groningensis-Leovardiensis) is ien fan de sân roomske bisdommen yn de Nederlânske tsjerkeprovinsje.

It bisdom mei de sit yn de stêd Grins omfiemet Grinslân, Fryslân en Drinte en de Noardeastpolder.

Om de ynfloed fan de reformaasje yn te dykjen, fûn der yn 1559 in weryndieling fan bisdommen plak. Sa ûnstiene foar it earst de bisdommen Ljouwert en Grins. Dy bisdommen ûntstiene út eardere dielen fan de bisdommen Utert, Münster en Osnabrück. As katedraal tsjinne foar it bisdom Ljouwert de Sint-Fituskatedraal en foar Grins de Martinytsjerke.

Martinuskatedraal.

It bisdom Grins bestie oant Maurits fan Oranje de stêd Grins op 22 july 1594 oermastere. Twa dagen letter waarden al de bylden en alters yn de Martinytsjerke ferwidere. It bisdom waard troch de nije kalvinistyske oerheid opheft, op de fiering fan de roomske misse waard it near lein en de geastliken waarden ferballe of twongen oer te gean op de nije leare. De roomske Tsjerke gyng sûnt dat stuit ûndergrûnsk en rûnreizgjende preesters fersoargen temûk it geastlike gerak fan minsken, dy't trou bleaune oan Rome.

Mei de nije grûnwet fan it Keninkryk fan de Nederlannen fan 11 oktober 1848 krige de Roomsk-Katolike Tsjerke it rjocht om de tsjerklike hiërargy wer yn te rjochtsjen. Der ûnstiene doe fiif bisdommen. It gebiet wat tsjintwurdich ûnder it bisdom Grins-Ljouwert foel waard ynearsten by it aartsbisdom Utert foege.

Pas op 16 july 1955 waard it bisdom Grins stifte út in diel fan it aartsbisdom Utert. De nije katedraal waard Sint-Joazefkatedraal. Ek hat der praat west om it katolike Twente by it nije bisdom te foegjen, mar kardinaal Alfrink hat dat tsjinholden.

Op 26 novimber 2005 waard Ljouwert oan de namme fan it bisdom tafoege. As ko-katedraal tsjinnet de Ljouwerter Sint-Bonifatiustsjerke.

Patroanhilligen fan it bisdom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kaski/Radboud Nijmegen: Kearnsifers Roomsk-Katolike Tsjerke (2021)

Roomsk-katolike bisdommen yn Nederlân
Jeropeesk Nederlân Aartsbisdom Utert (metropolitaan aartsbisdom) • Bisdom BredaBisdom De BoskBisdom Grins-LjouwertBisdom Haarlim-AmsterdamBisdom RoermondBisdom RotterdamNederlânsk Militêr Ordinariaat
Karibysk Nederlân Bisdom Willemstêd
Eardere bisdommen Bisdom DimterBisdom LjouwertBisdom MaastrichtBisdom Middelburch
· · Berjocht bewurkje