Springe nei ynhâld

Leros

Ut Wikipedy
Leros
Λέρος
geografy
lokaasje Egeyske See
ûnderdiel fan Dodekanesos
lân flagge fan Grikelân Grikelân
koördinaten 37° 09' N 26° 50' E
algemien
haadstêd Agia Marina
ynwennertal 7.992 (2021)
sifers
oerflak 54,052 km²
webside
www.leros.gr
kaart
Leros (Grikelân)
Leros

Leros (Gryksk: Λέρος; Italjaansk: Lèro) is in eilân en gemeente (dimos) fan 'e eilannegroep Dodekanesos yn 'e Egeyske See. It eilân leit tusken Patmos en Kalymnos en falt ûnder de bestjoerlike regio (periferia) Sud-Egeyske Eilannen.

Wynmûnen.

Leros is in eilân mei strannen, griene heuvels en fruchtbere dellings. De haadstêd is Agia Marina mei in befolking fan 2.380 (2021). Oare gruttere plakken binne Lakki (2.093), Xirokampos (710), Kamara (673) en Alinda (699). Trije kilometer súd fan 'e haadstêd leit de haven fan it eilân.

De âldste spoaren fan minsklike bewenning op Leros datearje út it neolityske tiidrek. Leros waard yn 'e prehistoaryske tiid bewenne troch Kariërs út Lyts-Aazje en ûndergie ek lytsskalige Fenisyske en Minoyske kolonisaasje. It eilân die mei oan 'e Trojaanske Oarloch en waard - nei de oermastering troch de Doriërs om 1000 f.Kr. - definityf ûnderdiel fan 'e Grykske wrâld.

Timpel fan Artemis.

Mei wichtige stêden as Efeze en Milete op it Lyts-Aziatyske fêstelân rekke Leros ûnder Ioanyske ynfloed. Dy ynfloed kaam mei werom yn 'e sterke ferankering fan 'e Artemis-kultus op it eilân. De Artemis fan Leros wie in fariant fan 'e Artemis fan Efeze. Resten fan wat faaks it wichtichste Artemis-hillichdom west hat, binne te finen yn it noarden fan it eilân by Partheni.

Nettsjinsteande it Doryske karakter fan it eilân waard Leros lid fan it Delysk-Attyske seebûn en holp dus Atene yn 'e striid tsjin it Doryske Sparta yn 'e Pelopponezyske Kriich.

Nei it klassike tiidrek kaam Leros opienfolgjend ûnder Masedoanysk, Romeinsk en Byzantynsk bewâld. Yn 1309 waarden Leros en ferskate eilannen beset troch de Ridders fan Sint Jan, dy't har krúsfardersteat op Rodos stiften. De Johanniters fersterken it kastiel fan Pandeli by Platanos.

Kastiel.

Yn 1522 waarden de ridders ferslein troch de Ottomaanske Turken en sûnt wie Leros diel fan it Ottomaanske Ryk. It eilân hie lykwols in hege graad fan autonomy en der kamen gjin Turken op it eilân te wenjen. Dy relative frijheid soarge foar in bepaalde foarm fan wolfeart basearre op oerseeske hannel en lânbou. Nei't de driging fan piraterij yn 'e iere 19e iuw ferdwûn, bloeide de hannelsekonomy fan Leros. Reders en kapteins lieten yn alle doarpen moaie hûzen bouwe, dy't tsjûgen fan harren wolstân.

Italjaanske tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It moderne Lakki.

Oan 'e rykdom fan Leros kaam yn 1911 ynienen in ein mei't de Italjanen Leros en oare Dodekaneeske eilannen yn 'e Turksk-Italjaanske Kriich oermasteren. De Italjanen setten útein mei it Italjanisearjen fan it eilân en lieten in soad Italjanen ferhûzje nei it eilân. Leros waard boppedat in wichtige marinebasis foar de Italjaanske float. De baai fan Lakki, ien fan 'e grutste en djipste natuerlike havens fan 'e Middellânske See makke it eilân yn kombinaasje mei syn strategyske lokaasje op 'e rûte nei de Dardanellen geskikt foar dy nije taak. Se bouden oan 'e baai ek in nije, modernistyske stêd, Portolago, mei in bioskoop, in hotel, in merk en hûzen foar it marinepersoniel. Portolago hjit hjoed-de-dei Lakki en de Italjaanske gebouwen binne net lang ferlyn restaurearre. It feit dat Benito Mussolini in simmerferbliuw op it eilân boud liet, dat er nea besocht hat, ûnderstreket it belang dat de Italjanen oan Leros hechten.

De Italjaanske skippen farden út Leros om de Grykske krusers yn 'e Baai fan Tinos te ferneatigjen, wêrmei't Grikelân by de Twadde Wrâldoarloch belutsen waard. Leros waard troch de Dútsers beset en dêrnei troch de Ingelsen en makket sûnt 1948 tegearre mei de oare eilannen fan 'e Dodekanesos diel út fan Grikelân.

Nei de Twadde Wrâldkriich krige Leros in minne reputaasje troch de oprjochting fan psychiatryske kliniken yn 'e leechsteande Italjaanske marinegebouwen en de finzenis foar politike finzenen út de tiid fan 'e militêre diktatuer fan it kolonelsrezjym (1967-1974). Nei 1989 binne de benearjende omstannichheden foar psychiatryske pasjinten ferbettere en wurde der regelmjittige kontrôles útfierd. Yn 'e jierren 1990 ûntstie der op Leros in mear op toerisme rjochte ekonomy, mar psychiatryske ynstellings binne mei mear as in tredde fan 'e befolking yn tsjinst noch jimmeroan de grutste wurkjouwers op it eilân.

Yllegale ymmigraasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich hat Leros te lijen fan 'e gefolgen fan 'e sterk tanommen yllegale ymmigraasje fan lannen yn it Midden-Easten nei de Europeeske Uny. De Grykske arsjipel biedt in soad kânsen om sûnder dat ien der erch yn hat te lânjen. De Grykske kustwacht mist de middels om adekwate aksje te nimmen. Boaten dy't ûnderskept wurde, wurde nei Leros brocht, dêr't de ymmigranten tydlik yn ynternearre wurde. De ûnbidige taname fan it tal ymmigranten hat laat ta grutte ûnrêst ûnder de befolking fan it eilân en de boargemaster fan Leros hat 'Atene' frege om mei in oplossing te kommen.

  • Agia Marina
  • Pandeli
  • Alinda
  • Xerokambos
  • Merikia
  • Laki
  • Vromolithos

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit is in oersetting fan 'e Nederlânsktalige wikipedyside, sjoch: nl:Leros (ferzje 27 septimber 2024).

Dodekanesos

AgathonisiAlimniaArkoiArmatiaAstakidaAstypalaiaChalkiChamiliFarmakonisiGaidarosGyaliKalolimnosKalymnosKandelioussaKarpatosKasosKastellorizoKinarosKosLerosLebintosLipsiMaratiNimosNisyrosPacheiaPatmosPlati, PserimosRhoRodosSimiStrongyliSyrnaTelendosTilosZafora
· · Berjocht bewurkje