Springe nei ynhâld

Skiednis fan Nederlân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nederlânske skiednis)
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

De skiednis fan Nederlân is al tsientûzenen jierren âld.

Yn de prehistoarje hawwe der sûnt de Iistiid al jagers libbe yn de hegere gebieten fan it lân. Yn de lêste milenniums foar Kristus kaam dêr lânbou by. De histoarje begjint foar Nederlân mei de Romeinen dy't benammen besuden de Ryn taholden. Yn harren tiid waarden de earste stêden stifte. De Romeinen rommen it om 400 hinne it fjild foar de Franken en Friezen dy't mekoar de hearskippij bestriden hawwe oer de midden fan Nederlân. Om 800 hinne behearsket Karel de Grutte mei grutte parten fan Jeropa ek hiel Nederlân. In ryk fan de Franken waard troch erfopfolging slit; ien fan de gefolgen dêrfan wie dat men in Nederlân gong ferwar hie tsjin oanfallen fan de Wytsingen.

Untstean fan Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei 1000 kaam in ein oan dy ynfallen, en gong it yn West-Jeropa sa bêst dat de lokale hearren begûnen harren gebiet út te wreidzjen. Dit late yn de 14e iuw ta de partijtyd, dy't úteinliks troch de Habsburgers einige waard. Sy makken de Nederlannen ta in ienheid, dêr't fan 1568 ôf, it noardlike part him ûnôfhinklik fan makke. Dizze Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen bestie oant de Frânske tiid, doe't it lân yn fazen part fan it Frânske Keizerryk waard.

Nei de Frânske tiid waard yn 1814 Nederlân in keninkryk, earst mei ek de súdlike Nederlannen derby, en mei Lúksemboarch yn in personele uny, mar úteinlik mei ûngefear de hjoeddeiske grinzen. Yn de Earste Wrâldkriich wie Nederlân neutraal, mar troch de oarloch wie de see net feilich, en de hannel rûn tebek. Nei de oarloch gie it gau better, oant de Krisisjierren. Dêrnei kaam, tagelyk mei it opbetterjen, yn Jeropa it faksisme op, wat late ta de Twadde Wrâldkriich. Yn 1940 waard Nederlân ynnaam troch Dútslân, en earst yn 1945 wer befrijd.