Jolling: ferskil tusken ferzjes
L Bot - derby: mn:Тэнгисийн шумбуур |
L Bot - derby: pms:Aythya marila |
||
Rigel 43: | Rigel 43: | ||
[[no:Bergand]] |
[[no:Bergand]] |
||
[[pl:Ogorzałka (ptak)]] |
[[pl:Ogorzałka (ptak)]] |
||
[[pms:Aythya marila]] |
|||
[[pt:Zarro-bastardo]] |
[[pt:Zarro-bastardo]] |
||
[[ru:Морская чернеть]] |
[[ru:Морская чернеть]] |
De ferzje fan 27 apr 2010 om 13.58
Berjocht:Soarte De Jolling (Aythya marila) is in fûgel út de famylje fan de Einfûgels. De jolling wurdt ek wol topper of toppert neamd.
Foarkommen
De Jolling is in 42 oant 51 sm grutte ein mei in wjukspanwiidten fan 71-80 sm. De jerke fan de Jolling hat in protte fan de Tûfein, hy hat lykwols gjin tûf en syn kop hat in wat grieneftige glâns. Ek is de rêch fan de jolling griis ynstee fan swart. It wyfke fan de jolling is brún mei in ljochte râne om de snaffel. De Jolling hat in ljochtblauwe snaffel en in giel each.
Fersprieding
De Jollings komme oer it hiele noardlik healrûn foar. Syn briedgebiet leit aardich noardelik, se briede op de toendra yn de buert fan marren en sompen. Yn Skandinaavje en in noarden fan Sibearje west fan de rivier de Lena komt de ûndersoarte A. m. marila foar. Yn de rest fan Aazje en Noard-Amearika is de wat lytsere ûndersoarte A. m. mariloides te finen. By winterdeis trekke de jollings nei it suden. Se oerwinterje yn groepen oan de kust. De jeropeeske fûgels oerwinterje meast yn it suden fan de Eastsee of rûnom de Noardsee. Yn Nederlân binne se winterdeis ek oan de see te finen, faaks yn groepkes mei Kareinen en Tûfeinen.
Iten
De Jollings ite foaral moksels en seeslakken. Mar se ite ek wol ynsekten en wetterplanten. De Jollings sykje it leafst nei iten troch der nei te dûken yn wetter fan minder as 4 meter djip.
Fuortplanting
De Jollings briede flak oan de râne fan it wetter op de grûn, it leafst op in eilantsje. It nêst wurdt beklaaid mei dûns. It brieden begjint yn maaie en einiget yn july. De aaien wurde yn 24 oant 28 dagen útbret en komme allegear tagelyk út. De jongen kinne harren sels rêde nei sa'n 50 dagen.