All the President's Men (film)
All the President's Men | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Alan J. Pakula | |
produsint | Walter Coblenz | |
útfierend produsint |
Robert Redford | |
senario | William Goldman | |
basearre op | it non-fiksjeboek fan Carl Bernstein en Bob Woodward | |
kamerarezjy | Gordon Willis | |
muzyk | David Shire | |
filmstudio | Wildwood Enterprises | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Robert Redford Dustin Hoffman | |
byrollen | Jack Warden Martin Balsam Jason Robards Hal Holbrook Stephen Collins | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 9 april 1976 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske politike dramafilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 138 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $1,5 miljoen | |
opbringst | $70,6 miljoen | |
prizen | 4 × Oscar |
All the President's Men is in Amerikaanske histoaryske politike dramafilm út 1976 ûnder rezjy fan Alan J. Pakula, mei yn 'e haadrollen Robert Redford en Dustin Hoffman. De titel betsjut letterlik "Alle Mannen fan 'e Presidint", mar is in ferwizing nei in regel út in berneferske (sjoch hjirre). De film waard basearre op it non-fiksjeboek mei deselde namme fan Carl Bernstein en Bob Woodward, in pear sjoernalisten foar de krante The Washington Post, oer harren baanbrekkende ûndersyk nei it Watergateskandaal. It ferhaal folget de mannen as se stadichoan ûntdekke hoe wiidfiemjend de dôfpotaffêre wol net is, wylst se troch it regear fan presidint Richard Nixon fan alle kanten tsjinwurke wurde. All the President's Men krige oer it algemien tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn fjouwer Oscars en waard nominearre foar ferskate oare wichtige prizen. Yn 2010 waard All the President's Men útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it Nasjonaal Film Register.
Titel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De titel fan All the President's Men, en teffens dy fan it boek dêr't de film op basearre is, ferwiist nei in regel út in Ingelsktalich berneferske oer Humpty-Dumpty, in antropomorf werjûn aai, dat op stuit stikken falt. Dêroer wurdt dan sein: "And all the King's horses and all the King's men / Could not put Humpty-Dumpty back together again" ("En al 's kenings hynders en al 's kenings mannen / Koene Humpty-Dumpty net wer hiel meitsje"), mei oare wurden: guon foarfallen kinne net mear ûngedien makke wurde, ek al hawwe je nòch safolle macht. Yn 'e titel fan 'e film en it boek is "King" ferfongen troch "President": alle mannen fan 'e presidint koene it Watergateskandaal, doe't der ienris in begjintsje fan útkommen wie, net mear tadekke. Tagelyk kin men de titel ek oars lêze, as: alle mannen fan 'e presidint wiene by it skandaal belutsen.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 17 juny 1972 ûntdekt nachtwachter Frank Wills yn it Watergatekompleks yn Washington, D.C. dat by in tagongsdoar út 'e parkearkelder wei oer de lippe hinne taped is, sadat de doar net yn it slot falle kin. Hy skillet de plysje, dy't yn it diel fan it Watergatekompleks dêr't it Nasjonaal Komitee fan 'e Demokratyske Partij húsfêste is, fiif ynbrekkers oantreft en arrestearret. Ier de oare moarns wiist de foaroansteande krante The Washington Post sjoernalist Bob Woodward oan om ferslach te dwaan fan 'e foarlieding fan 'e fiif arrestanten by de rjochtbank. It ferhaal wurdt beskôge as net botte wichtich.
Troch himsels fêst te biten yn 'e matearje en oant op it ferfeelsume ôf fragen te stellen komt Woodward derefter dat de fiif ynbrekkers (fjouwer Kubanen út Miami en in James W. McCord jr.) elektroanyske ôflústerapparatuer by har hiene dy't, nei't men oannimme mei, bedoeld wie om yn 'e kantoaren fan it Demokratysk Nasjonaal Komitee oan te bringen. As oft dat al net nuver genôch is, ûntdekt er dat se fertsjintwurdige wurde troch in rottekrûddjoere abbekaat dy't him ornaris inkeld yn rike fermiddens bejout. As Woodward dy man befreget, hâldt er út dat er hjir inkeld as adviseur en waarnimmer oanwêzich is. By de foarlieding moat McCord op fragen fan 'e rjochter tajaan dat er oant koartby as spesjaal agint foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA wurke hat.
Neitiid komt troch ûndersyk fan Woodward oan it ljocht dat de oare fjouwer ynbrekkers ek bannen mei de CIA hawwe. Oantekenings yn notysjeboekjes fan twa fan 'e ynbrekkers liede nei E. Howard Hunt, in abbekaat en eardere meiwurker fan 'e CIA, dy't resint yn 'e tsjinst wie fan Charles Colson. Dat is de abbekaat fan it Wite Hûs fan 'e Republikeinske presidint Richard Nixon.
Neigeraden dat it ferhaal groeit, geane der op 'e haadredaksje fan The Washington Post stimmen op om 'e ferslachjouwing oer de saak oer te dragen oan ien of mear polityk sjoernalisten mei mear ûnderfining, mei't Woodward noch mar njoggen moanne by de krante is. Ynstee beslist útfierend haadredakteur Ben Bradlee om Woodward op 'e saak te hâlden mar him fersterking te jaan yn 'e foarm fan Carl Bernstein, dy't al jierren by de krante wurket. De beide mannen wurkje goed gear, mar dogge dat yn 't earstoan mei tsjinnichheid. Bradlee streket mei in reade pin hiel wat fuort út 'e earste artikels dy't se tegearre oanleverje, mei't er fynt dat it harren wurk ûntbrekt oan oannimlike boarnen. Nettsjinsteande dat fiteret er harren oan om troch te gean.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Woodward nimt kontakt op mei in âlde ynformant fan sines, in anonime boarne heech yn it regear dy't er sels oantsjut as "Deep Throat" ("Djip-yn-'e-Kiel", omreden fan syn leechtoanige stim). Oan 'e tillefoan wol dyselde neat oer de saak kwyt, mar letter nimt er fia in brief kontakt mei Woodward op om in omsichtige foarm fan kommunikaasje foar te stellen. As Woodward him te wurd wol, moat er moarns in read flachje yn in blompot op syn balkon stekke. Jûns reizget er dan nei in parkearkelder, wêrby't er ûnderweis in kear fan taksy wikselet, om dêr "Deep Throat" persoanlik te treffen foar in petear. Dêrby bliuwt "Deep Throat" altyd yn it skaad, sadat Woodward nea syn gesicht sjocht. De ynformant wegeret om direkte ynformaasje te jaan, mar wol inkeld ynformaasje befêstigje of ûntkenne dy't Woodward en Bernstein al ûntdutsen hawwe. Dêropta rikkemandearret er Woodward oan om "it jild te folgjen".
It slagget Woodward en Bernstein om ferbân te lizzen tusken de fiif ynbrekkers en korrupte aktiviteiten omtrint kampanjefinansiering troch funksjonarissen fan Nixon syn Komitee foar de Werferkiezing fan de Presidint (CRP, yn 'e folksmûle útsprutsen as CREEP). Dêrby giet it fral om in sjek ter wearde fan $25.000 dy't op in bankrekken fan ien fan 'e ynbrekkers stoart is en ôfkomstich is fan Kenneth H. Dahlberg, de regionale skathâlder fan it CRP foar it Amerikaanske Midwesten. Likegoed hawwe Bradlee en de oare leden fan 'e haadredaksje fan The Washington Post noch altyd twifels oer de hiele kwestje. Yn it foarste plak hawwe se muoite mei it feit dat Woodward en Bernstein stypje op skimige, anonime boarnen lykas "Deep Throat", en oard kinne se mar net begripe wêrom't Nixon-en-dy noch begjinne soene mei it ôflústerjen fan it Demokratysk Nasjonaal Komitee op in stuit dat de oerwinning fan Nixon oer syn Demokratyske útdager George McGovern by de presidintsferkiezings fan 1972 al frijwol fêststie.
Woodward en Bernstein komme in smarjildpotsje op it spoar dêr't foar hûnderttûzenen dollars oan kampanjebydragen yn sieten. Troch ynformaasje dy't se los witte te krijen fan Hugh W. Sloan jr., de opstapte nasjonale skathâlder fan it CRP, ferbine Woodward en Bernstein útbetellings út dat potsje mei John N. Mitchell, de foarsitter fan it CRP en de eardere minister fan Justysje, en mei H.R. Haldeman, de stêfsjef fan it Wite Hûs en de machtichste man fan it lân nei Nixon sels. Fia-fia komme se yn kontakt mei de jonge abbekaat Donald Segretti, fan wa't Bernstein heart dat it CRP in sabotaazjekampanje tsjin 'e Demokratyske presidinsjele kandidaten finansierde dy't mear as in jier foarôfgeande oan 'e ynbraak yn it Watergatekompleks úteinsette, op in stuit doe't Nixon yn 'e opinypeilings efterlei op Edmund Muskie, in kandidaat yn 'e Demokratyske foarferkiezings.
Omreden fan Bradlee syn easken op it mêd fan ûnderbouwing binne Woodward en Bernstein twongen om in trêde boarne te sykjen foar de konneksje mei Haldeman, ear't harren stik op 'e foarside fan 'e krante ôfprinte wurdt. Neitiid ûntkent it Wite Hûs eltse belutsenens fan Haldeman by yllegale aktiviteiten sûnder mei safolle wurden te sizzen dat er net by yllegale aktiviteiten belutsen is (yn Amerikaanske politike termen in non-denial denial, "gjin-ûntkenningsûntkenning"). De haadredaksje fan The Washington Post nimt it idee yn omtinken om tebek te klauwen, mar Bradlee beslút foet by stik te hâlden en Woodward en Bernstein te stypjen.
By in nije geheime moeting mei "Deep Throat" ferliest Woodward op 't langelêst syn geduld mei de bedutsen taspilings fan 'e ynformant en easket dat er noris planút seit hoe't it sit. "Deep Throat" fertelt him dan dat Haldeman it masterbrein is efter sawol de ynbraak yn it Watergate-kompleks as de dôfpotaffêre. Mar hy wiist derop dat de dôfpotaffêre net bedoeld wie om 'e ynbrekkers de hân boppe de holle te hâlden, mar om 'e hiele skiednis fan 'geheime operaasjes' dy't fan it CRP útgien wiene, geheim te hâlden. "Deep Throat" bringt út dat de FBI, de CIA en it Ministearje fan Justysje allegear oan kop en earen ta by de saak belutsen binne. Hy warskôget dat it skoan mooglik is dat de libbens fan Woodward en Bernstein gefaar rinne. As de beide sjoernalisten Bradlee dêrfan op 'e hichte bringe, fiteret dy harren oan om troch te setten, ek al is Nixon no al lang en breed werkeazen.
Op 20 jannewaris 1973, wylst de twadde ynauguraasje fan Richard Nixon as presidint fan 'e Feriene Steaten op 'e tillefyzje útstjoerd wurdt, binne Woodward en Bernstein drok dwaande mei it úttypen fan it ferslach fan harren foltôge ûndersyk. In montaazje fan krantekoppen oer it Watergateskandaal fan it folgjende jier fertelt hoe't it ferhaal ôfrûn: mei de berjochting fan 'e measte belutsenen en it twongen ôftreden fan Nixon op 9 augustus 1974.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Bob Woodward | Robert Redford |
Carl Bernstein | Dustin Hoffman |
- byrollen
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]All the President's Men is basearre op it non-fiksjeboek All the President's Men, dat Bob Woodward en Carl Bernstein neitiid oer harren sjoernalistike ûndersyk nei it Watergateskandaal skreaune, en dat yn 1974 ferskynde. Oars as it boek beslacht de film inkeld de earste sân moannen fan it Watergateskandaal, fan 'e ynbraak yn it Watergatekompleks oant de twadde ynauguraasje fan Richard Nixon. De film yntrodusearre de no bekende útspraak "follow the money" ("folgje it jild") yn it deistich spraakgebrûk, mar dy wurden komme yn it boek net foar.
Akteur en filmprodusint Robert Redford kocht de filmrjochten op it boek fan Woodward en Bernstein oan foar de priis fan $450.000. De film waard regissearre troch Alan J. Pakula nei in senario fan William Goldman. Nei't dyselde de earste ferzje fan syn skript yntsjinne hie, naam Redford ek in senario oan dat skreaun wie troch Bernstein sels en syn doetiidske freondinne Nora Ephron. Dêrop frege er Goldman om ris te sjen oft er stikken út it skript fan Bernstein en Ephron brûke koe foar de úteinlike ferzje fan it filmsenario, in fersyk dat Goldman letter omskreau as "in lef ferrie". Neffens Redford wie it skript fan Bernstein en Ephron foar in grut part "studintikoas" en "in hiel ein fan it rjochte paad ôf". Goldman fertelde dat Bernstein sels yn dat senario "de froulju suver fan him ôfslaan moast". Neffens him helle ien sêne fan Bernstein en Ephron de úteinlike film: wêryn't Bernstein yn Miami op slûchslimme wize in sekretaresse te fluch ôf is, dy't tsjinkeare wol dat er mei har baas praat (eat dat net echt foarfallen wie).
As produsint wie Walter Coblenz by it projekt belutsen, wylst Redford as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje hie foar syn eigen filmstudio Wildwood Enterprises. Foar All the President's Men wie in budget beskikber fan $1,5 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Gordon Willis, en de filmmuzyk waard fersoarge troch David Shire.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar All the President's Men setten op 12 maaie 1975 útein. Foar de bûtendoarsênes waard filme op lokaasje yn Washington, D.C., mar de binnendoarsênes waarden foar it meastepart opnommen yn twa studio's yn Burbank (Kalifornje), dy't ôfhierd waarden foar $200.000. Yn 'e iene waard de set fan 'e nijskeamer (eins mear in seal) fan The Washington Post neiboud, wêrfoar't krapoan 200 buro's oanskaft waarden à $500 it stik by itselde bedriuw dat yn 1971 The Washington Post fan nije buro's foarsjoen hie.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan All the President's Men waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 9 april 1976 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige All the President's Men oer it algemien tige positive resinsjes. Sa parte Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 33/4 fan 4 stjerren ta en skreau: "[De film] leveret de meast oplettende stúdzje fan sjoernalisten oan it wurk, dy't we yn in spylfilm nei alle gedachten ea te sjen krije sille. En hy slagget op briljante wize by it suggerearjen fan it mingsel fan útskroevenens, paranoia, selstwifel en moed dêr't The Washington Post fan trochkrongen wie doe't syn beide jonge ferslachjouwers efter de presidint oan giene." De resinsje yn it tydskrift Variety priizge de "yngenieuze rezjy en it fernimstige senario" dy't it drege gebrek oan drama oerwûnen fan in in ferhaal oer sjoernalisten dy't efter in ferhaal oan sieten.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat All the President's Men in tige heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 54 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In strakke, poerbêst aktearre hommaazje oan 'e foardielen fan in frije parse en de gefaren fan macht sûnder tafersjoch, dy't nammenste effektiver makke wurdt troch syn oarsprong yn echte foarfallen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet All the President's Men in goedkarringspersintaazje fan 80%, basearre op 13 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]All the President's Men hie yn 'e bioskopen wrâldwiid in opbringst fan $70,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $1,5 miljoen betsjut dat in winst fan $69,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie de film in grut kommersjeel súkses.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1977 waard All the President's Men by de Oscars nominearre foar prizen yn sân kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste byrol fan in aktrise (Jane Alexander) en bêste filmmontaazje. De film wûn fjouwer Oscars, foar bêste byrol fan in akteur (Jason Robards), bêste adaptearre senario (William Goldman), bêste lûdsmixing (Arthur Piantadosi, Les Fresholtz, Dick Alexander en Jim Webb) en bêste artdirection (George C. Jenkins en George Gaines).
All the President's Men wûn fierders gjin wichtige prizen, hoewol't de film wol nominearre waard foar fjouwer Golden Globes, foar bêste dramafilm, bêste regisseur, bêste senario en bêste byrol fan in akteur (Jason Robards). By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard All the President's Men nominearre yn tsien kategoryen: bêste film, bêste regisseur, bêste akteur (Dustin Hoffman), twaris bêste byrol fan in akteur (Jason Robards en Martin Balsam), bêste senario, bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje, bêste lûd en bêste produksje-ûntwerp.
"All the President's Men" Revisited
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sundance Productions, ien fan 'e beide filmstudio's fan Robert Redford, produsearre yn 2013 de twa oeren duorjende dokumintêre "All the President's Men" Revisited, dy't op 24 maart fan dat jier foar it earst útstjoerd waard op it Discovery Channel. Yn dy dokumintêre wurde sawol it Watergateskandaal as it produksjeproses fan 'e dêrop basearre film beljochte. "All the President's Men" Revisited waard yn 2013 nominearre foar in Emmy Award (de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis) yn 'e kategory bêste dokumintêre of non-fiksje-tillefyzjespecial.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske dramafilm
- Amerikaanske histoaryske film
- Neo-noir
- Ingelsktalige film
- Film fan Wildwood Enterprises
- Film fan Warner Bros.
- Film fan Alan J. Pakula
- Film út 1976
- Film oer polityk yn de Feriene Steaten
- Film oer it Watergateskandaal
- Film oer in sjoernalist of ferslachjouwer
- Film oer in krante of tydskrift
- Film oer in klokkelieder
- Film oer frijheid fan mieningsutering
- Film oer korrupsje
- Film oer in bekend persoan
- Werjefte fan Richard Nixon yn keunst en kultuer
- Film basearre op in non-fiksjewurk
- Film basearre op wiere foarfallen