Annemiek Schrijver
Annemiek Schrijver (Arnhim, 21 oktober 1964) is in Nederlânsk telefyzjepresintator, radiopresintator, dokumintêremakster, kollumniste, ynterviewster en skriuwster.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Schrijver waard grutbrocht yn in Grifformeard frijmakke húshâlding.[1] Sy helle it konservatoarium yn Hilfertsom, dêr't sy de oplieding skoallemuzyk folge. Dêrnei joech sy yn Barneveld muzykterapy oan minsken mei in ferstanlike beheining, wurk dêr't hja nei acht jier mei ophold. Yntusken joech sy ek muzykles oan geriatryske pasjinten en wie hja ferslachjouwer by it Radio 4-programma Finale (TROS), dêr't sy wykliks in reportaazje makke.
Foar oare omroppen die hja freelancewurk. By de KRO wie syn in stikmannich jierren dokumintêremakster fan it programma Damokles. Yn 1996 krige sy yn dat ramt de ADO Mediapriis priis foar de dokumintêre Vrouwenvluchtheuvel, oer in Arabysk frouljusbaaihûs yn Amsterdam.
Fia programma’s by KRO- en NCRV-radio (ûnder oaren 747 Live, Passie, Volgspot, Nachtlicht en Plein publiek) bedarre hja yn 2001 foar de telefyzjekamera's.
Nei trije seizoenen makke Schrijver simmer 2002 de oer stap nei de IKON, dêr't sy IKON Live presintaerre en letter op sneintemiddei it Alziend oog makke. Anno 2011 presintaerret sy al jierren it programma Het vermoeden op sneintemoarn en sûnt in tal moannen Nachtzoen oan de ein fan de telefyzjejûn.
Skriuwster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Schrijver hat twa jier lang in kollumn yn it deiblêd de Gelderlander hân. Har earste roman - Rachab - ferskynde febrewaris 2007. Dêrnei ferskynden fan har Verlicht mijn nacht (2008) en Schrijverettes (2011). Yn 'e mande mei Hein Stufkens skreau se Ik geloof het wel (2010) en Verlicht en verlost (2012). April 2018 ferskynde har boek Van het padje. Verwonderd dwalen langs 's Heren wegen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstek Annemiek Schrijver
- Rachab.nl, Webside oer debútroman fan Annemiek Schrijver
- Webside tv-programma 'Het Vermoeden'
- Resinsje troch Bram Moerland oer Rachab, roman fan Annemiek Schrijver
- Verlicht mijn Nacht, de ontroerendste gebeden van de wereld
- ynterview NCRV-gids 16 desimber 2006
- ynterview NCRV-gids 13 maaie 2000
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|