Bamboefluit
In bamboefluit is in blaasynstrumint dat makke is út in bamboestâle; der binne oer de hiele wrâld ferskate typen yn gebrûk, benammen yn de folksmuzyk.
De âldste typen bamboefluiten wurde bespile as in dwersfluit, dat wol sizze dat de bespiler de toanfoarming sels folslein kontrolearret mei de lippen. Guon fan sokke ynstruminten wurde letterlik dwers bespile, lykas de Noard-Yndiaaske bansuri, oare healdwers, lykas de kaval út de Balkan, of de ney út Lyts-Aazje. Wer oare brûke in skerp slipe râne en wurde rjocht bespile, lykas de shakuhachi út Japan of de kena út Súd-Amearika, dy't in ynsnijde ekstra naad hat om de toanfoarming makliker te meitsjen.
De wize fan spyljen by moderne ynstruminten is inkeld ek te ferlykjen mei dy fan de blokfluit: de toan wurdt yn it ynstrumint foar it grutste part automatysk makke troch de bou mei help fan in blok(je). De toan fan in bamboefluit is relatyf sêft, troch de sêftens en it lytse gewicht fan it materiaal.