Springe nei ynhâld

Bisdom Eichstätt

Ut Wikipedy
Bisdom Eichstätt

Bistum Eichstätt

Katedraal
Katedraal
Basisgegevens
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Tsjerkeprovinsje Bamberg
Biskopssit Eichstätt
Katedraal Dom fan Eichstätt
Hiemside bistum-eichstaett.de
Skiednis
Oprjochting 8e iuw
Hierargy
Aartsbiskop Gregor Maria Hanke (sitewaasje 2023)
Statistyk
Oerflak 6.025 km²
Befolking 984.127 (31.12.2018)
Wêrfan katolyk 392.434 (31.12.2018; 39,9 %)
Dekenaten 8 (31.12.2016)
Parochy's 274 (31.12.2018)
Lokaasje bisdom Eichstätt yn Dútslân
Lokaasje bisdom Eichstätt yn Dútslân

It Bisdom Eichstätt (Dútsk: Bistum Eichstätt; Latyn: Dioecesis Eystettensis) is in bisdom yn 'e tsjerkeprovinsje Bamberg yn it suden fan Dútslân.

It bisdom Eichstätt giet op it midden fan 'e 8 e iuw werom. In krekt jier fan 'e stifting is ûnbekend om 't in stiftingsdokumint ûntbrekt. Yn 740 kaam de Angelsaksyske muonts Willibald nei Eichstätt, dy't dêr troch syn sibbe Bonifatius as preester wijd waard. Willibald waard yn 741 yn Sülzenbrücken by Erfurt as biskop wijd, mar doe't dat bisdom net fan 'e grûn kaam, kearde er op in stuit as biskop nei Eichstätt werom en stifte dêr doe in kleaster. Beide mominten, sawol de biskopswijing en it momint dat er werom nei Eichstätt kaam kin as it begjin fan it bisdom Eichstätt beskôge wurde.

By it ûntwikkeljen fan it bisdom krige Willibald stipe fan syn broer Wunibald, dy't yn it tichtebylizzende Heidenheim noch in kleaster stifte, en fan syn suster Walburga, dy't nei de dea fan Wunibald de lieding fan it kleaster yn Heidenheim oernaam.

Om it jier 880 hinne waard de reliken fan de hillige Walburga nei Eichstätt brocht en yn 1035 folge de stifting fan in benediktynsk kleaster, dat oant de dei fan hjoed bestiet. Biskop Gebhard I fan Augsburg waard yn 1055 as Fiktor II paus.

It bisdom Eichstätt foel eartiids ûnder de tsjerkeprovinsje Mainz. Sûnt de 13e iuw oant 1802 wiene de biskoppen fan Eichstätt tagelyk foarsten yn it Hillige Roomske Ryk.

De reformaasje krige yn mear as de helte fan it bisdom foet oan 'e grûn en yn dy tiid waarden in soad kleasters sletten. Under lieding fan biskop Johann Christoph von Westerstetten sette mei in soad fjoer de tsjinreformaasje útein. It bisdom foege him yn 1617 by de Katolike Liga en wist de helte fan 'e protestanske gebieten foar it katolisisme werom te winnen. Yn dy tiid waarden in soad nije barokke tsjerken boud.

Mei de ferdriuwing fan Dútsers nei de Twadde Wrâldkriich út it easten, kamen in soad nije ynwenners yn it bisdom te wenjen, dat in feroaring fan 'e tradisjonele religieuze ferhâldings feroarsake.

De Dom fan Eichstätt (Dom zu Eichstätt) is de oan Sint-Salvator, Us-Leaffrou en Sint-Willibald wijde katedraal fan it bisdom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Bistum Eichstätt