Springe nei ynhâld

De Tent

Ut Wikipedy
De Tent

De Tent wie in herberch dy ‘t om 1740 hinne boud waard yn It Oranjewâld.

Oant midden santjinde iuw wie it hjoeddeiske gebiet by It Oranjewâld net mear as in grutte wyldernis. Yn 1664 waard dat feroare troch Albertine Agnes, widdo fan steedhâlder Willem Freark. Hja kocht de heide tusken Brommegea en Aldskoat en stifte dêr in lânhûs om te ûntspannen. Albertine Agnes neamde har eigendom Orangie-Woud. De besikers kamen nei It Oranjewâld sawol út de direkte omjouwing as fan fier fuort. Benammen de oranjery mei eksoatyske planten luts in protte belangstellenden. Om 1740 hinne waard mei tastimming fan Willem IV in herberch boud foar dyjingen dy't fan fier kamen: De Tent ('De Tinte').

Earste herberch fan It Oranjewâld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Loazjemint De Tent wie de earste herberch fan It Oranjewâld en waard trije generaasjes lang eksploitearre troch de famylje Blinxma, oarspronklik út It Hearrenfean. Trije generaasjes Blinkxma soene it loazjemint eksploitearje. Oer de oprjochting is net folle bekend. It moat in ienfâldich gebou west hawwe mei net folle komfort, sa't dat yn dy tiid gewoan wie. De Blinxma's soargen foar fermeits foar it publyk. Se organisearren ûnder oare hurddraverijen mei in sulveren swipe as earste priis. Se bouden ek in oerdekte kolfbaan yn in lange skuorre. Kolven wie yn dy tiid tige populêr ûnder de hegerein. By kolven moat de bal mei in kneppel tsjin in peal slein wurde om punten te skoaren.

Yn 1810 feroare de herberch fan eigener. Mintsje Geales (de Vries) kocht doe de akkommodaasje. Ut de keapakte docht bliken dat it in ‘rike herberch’ wie. Dochs liket it gebou koart dêrnei yn 'e 'meast jammerdearlike' steat te wêzen. Dat stiet yn in rapport fan de Kommisje Lânbou Fryslân. Yn itselde ferslach lêst men dat It Wâld simmerdeis troch in protte minsken besocht waard om te genietsjen fan de moaie leanen en kuierplakken. Beide fleugels fan it lustslot wiene no ôfbrutsen. De kommisje woe de besteande attraksje brûke om in nije kwekerij mei spesjale gewaaksen te fêstigjen. Dizze plannen waarden lykwols net realisearre. It ûnderkommen waard om 1820 hinne renovearre. De nije eigner, Johannes van der Veen, dy't ek it Jagershûs hie, makke de kâns om ‘De Tent’ te modernisearjen. Mintsje Geales de Vries hie de herberch oant syn dea yn 1826. Syn soan Jacob Mintjes wie nei 1835 ek gasthear, wylst er ek as timmerman wurke. Nei't er yn 1838 de herberch ferkocht oan Daniël Engelen gie er al gau fuort.

Jonkhear Daniël Engelen liet in nij ûnderkommen sette. De ûntwerptekening foar dit gebou is bewarre bleaun. Op grûn fan de tekenmetoade kin oannomd wurde dat it plan makke is troch de bekende Ljouwerter arsjitekt Thomas Romein (1811-1881). It ûntwerp lit in gebou sjen mei in ynstream fan gasten foar it kommende jier. De renovaasje waard yn 1840 foltôge. It nije ûnderkommen waard troch fotograaf C.F. van Steensel van der Aa (Nijehaske,1847- Alkmar, 1915) [1] yn 1868 ferivige. In ienfâldige yndieling waard makke foar it hotel mei ûnregelmjittige stikken gers mei blomperken der yn. Snoeide oranjebeammen yn potten ferlibbenen de tún en ek de menaazje mei in hûs dat pauwen en oare fûgels ûnderbrocht. Tagelyk mei de bou fan it hotel waard op it dêr foaroer lizzende stik lân in achtkante koepel mei in oerhingjend reidtek op slanke kolommen boud. It beplastere gebou hie deselde stylskaaimerken as De Tent en is nei alle gedachten ek troch Romein ûntwurpen. Efteryn krige ‘De Koepel’ letter in útwreiding mei in poadium foar de toanielfoarstellings fan De Heidebloem. Ut dit gebou wei hie men in prachtich útsicht op sawol De Tent as op de Lindelaan.

Sûnt 1843 behearde de ferneamde bûksprekker Simon Lantinga (1801-1866) it hotel. As bekend keunstner en betûft kastlein wist er in protte gasten te lûken. Syn namme wie oant bûten de provinsje in begryp.

De Tent wie oant om 1866 hinne in hotel. Dêrnei waard it in pear jier bewenne troch Daniël de Blocq van Scheltinga (1835-1878) en syn húshâlding. It gebou wie sûnt 1847 eigendom fan syn heit Hans Willem de Blocq van Scheltinga (fan it Hûs ‘Oranjewoud’), dy't it kocht hie fan de hear Engelen van Ontwijk. De Scheltinga's ferlieten it gebou om 1868 hinne, wêrnei't Johannes Bieruma Oosting (1842-1902) mei syn húshâlding as hierders ynstapten. Al syn bern binne hjir berne. Johan liet it gebou om 1872 hinne oan de eastkant útwreidzje mei in fleugel dêr't in seal yn makke waard. Timmerman G. Brouwer realisearre de plannen ûnder tafersjoch fan arsjitekt Herman Rudolf Stoett (1837–1887). De famylje Oosting bleau dêr oant 1881 wenjen, wêrnei't se nei Klein Jagtlust gongen. Yn maart 1881 ûntstie noch in soad opskuor oer it omgean fan Johannes Bieruma Oosting mei syn personielslid Rients Agema. It soe liede ta de Agema-saak. Tusken ûngefear 1872 en 1876 waard ‘De Koepel’ yn gebrûk nomd troch ‘De Heidenbloem’, beskikber steld troch de famylje fan Limburg Stirum. Wiebe Jager waard eksploitant oant 1883.Dan wurdt Bernardus van der Pol oant 1912 de nije kastlein.

Troch de pittoreske lokaasje waard 'De Tent' mei 'De Koepel' in populêr rekreaasjeplak foar de hegerein. De opienfolgjende loazjeminthâlders soargen foar in soad fermaak. Men koe boaten hiere, in kuierkaart foar de bosken keapje by de famylje Van Scheltinga, konserten bywenje of wat drinke. Oant de sluting yn 1915 waarden in protte ansichtkaarten fan De Tent makke en ferstjoerd. Nei dat jier waarden dêr ferskate personielsleden fan de famylje Limburch Stirum ûnderbrocht. Yn 1917 waard de seal ôfbrutsen. It gebou rekke stadichoan yn ferfal oant it om 1962 hinne ôfbrutsen waard. De koepel ferdwûn om 1964 hinne.

Sûnt 1959 wiene De Tent en de Koepel mei de dêrby hearrende terreinen yn eigendom fan fersekeringsmaatskippij Groot Noord-Hollandsche (letter Aegon). Mei de sloop rekke It Oranjewâld in karakteristyk gebou kwyt. Op it plak waard in bungalow fan de famylje A. Gaastra setten, dy't de âlde namme ‘De Tent’ krige.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: