Dit Is it Jier
Dit Is it Jier | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | This Is the Year | |
auteur | Frederick Feikema Manfred | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | histoaryske roman, drama | |
skreaun | 1944-46 | |
1e publikaasje | 1947, New York | |
oarspr. útjwr. | Doubleday | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Dit Is it Jier | |
publikaasje | 1966, Drachten | |
útjouwer | Utjowerij Laverman | |
oersetter | Klaas Dijkstra |
Dit Is it Jier, yn it oarspronklike Ingelsk: This Is the Year, is in roman fan 'e hân fan 'e Frysk-Amerikaanske skriuwer Frederick Feikema Manfred (1912-1994). It boek, oarspronklik útjûn ûnder de auteursnamme Feike Feikema, fertelt oer Pier Frixen, in Amerikaanske boer fan Frysk komôf, en hoe't syn dreamen him ta jiske op 'e tonge wurde. Manfred skreau This Is the Year tusken 1944 en 1946, en krige dêr twaris in stipendium foar fan 'e Streekliteratuerkommisje fan 'e Universiteit fan Minnesota. It boek waard foar it earst útjûn yn 1947, en wie ien fan Manfred syn grutste súksessen. It stie lange tiid boppe-oan op 'e Amerikaanske bestsellerlisten fan dy tiid. De Fryske fertaling fan This Is the Year, fan oersetter Klaas Dijkstra, kaam út yn 1966.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dit Is it Jier lit him noch it bêst ferlykje mei in Fryske boereroman, allinnich spilet it hjir net yn Fryslân. It dekôr is de krite dy't wol fan Siouxlân neamd wurdt (wat trouwens in term is dy't Manfred sels optocht en mei dit boek bekendheid skonken hat), it gebiet oan 'e rivier de Missoury en de Grutte Siouxrivier, dêr't de grinzen fan 'e Amerikaanske steaten Iowa, Minnesota, Súd-Dakota en Nebraska gearkomme. Op 'e prêrje dêr hiene har yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw withoefolle Jeropeeske ymmigranten nei wenjen set, mei dêrûnder ek Friezen. Manfred jout mei syn boek in ynkringend byld fan sa'n ymmigrantemienskip, mei in kleau tusken de earste generaasje, dy't him fêstklammet oan 'e taal en de siden en pligen fan it âlde lân, de twadde generaasje, dy't him dêrtsjin ôfset om't de dingen dy't foar de âlderein sa wichtich binne, foar harren neat te betsjutten hawwe, en de trêde generaasje, dy't net better wit as dat se allegear Amerikanen binne.
De haadpersoan is Pier Frixen, in boeresoan en in Frysk ymmigrant fan 'e twadde generaasje, dy't ûnder de Earste Wrâldoarloch tsjin 'e wil fan syn âldelju yn troud mei Nertha Andringa. Nertha is fan Frysk-Noarsk komôf, en Pier syn âlden woene in breid fan suver Frysk bloed foar harren soan hawwe. Pier is lykwols sa koppich as ien, en set syn sin troch. Tagelyk mei it houlik nimt er de pleats fan syn heit Romke oer. Yn 't earstoan húsmanje de beide gesinnen dêr tegearre om, mar dat is fansels freegjen om bargebiten, dat úteinlik twingt Pier syn âlden om nei in bungalow yn it tichtbye stedsje Starum te ferhúzjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Pier komt út it boek nei foarren as frijwat waanwiis. Hy hat nea lêzen en skriuwen leard en hâldt út dat dat ek nearne goed foar is. Mar it liket wol as fielt er him troch syn analfabetisme dochs minderweardich en besiket er dat te kompinsearjen troch nea wat fan in oar oan te nimmen. Hy hat grutte plannen mei syn pleats en wit persiis te fertellen wat syn heit altyd ferkeard dien hat. Mar syn houlik mei Nertha rint út op in teloarstelling; hja bliuwe frjemden foarinoar. Pier is net by steat en jou syn frou de leafde dy't se ferwachtet, en yn bedutsen formulearrings wurdt de lêzer fertsjutske dat er har út klearebare ûnwittendheid ek op bêd nea oan har gerak helpt. Pier is him dizenich bewust fan syn falen, mar syn grutskens behinderet him en freegje de iene persoan, in man dy't er ferachtet, om rie wêrfan't er wit dat dy him op dit mêd helpe kin. As Nertha him helpe wol om lêzen en skriuwen te learen, stegeret er har ôf. Uteinlik krije se in jonkje, dat se Theodor neame (wat in pear jier lang ta in brek mei Pier syn âldelju laat, dy't fine dat er neffens de Fryske gewoante fan Romke hjitte moatten hie). Mar tsjin dy tiid is leafde eins al út harren houlik ferdwûn.
Mei it buorkjen giet it Pier in pear jier foar de wyn, mar dan begjint syn lân stadichoan minder op te bringen. Foar in part leit dat oan natuerrampen dêr't er sels gjin ynfloed op hat, mar foar in part leit it ek oan himsels. De lânboukonsulint Pederson hie him warskôge om syn lân lykstrekich mei de rivier te ploegjen, mei't oars by in flinke reinbui eltse kear in soad fan 'e fruchtbere boppelaach fan löss de rivier yn spiele soe. Mar Pier en de oare boeren út dy krite hawwe de gek mei Pederson, en litte har neat oan syn praat gelegen lizze. Se wegerje te leauwen dat de drekkige Missoury ea in kleare stream west hat en inkeld troch harren eigen soargeleas buorkjen ta syn hjoeddeiske steat fertroebele is. It gefolch is fansels dat se har eigen lân stadichoan ûnfruchtber meitsje.
In stikmannich minne jierren efterinoar, yn 'e mande mei guon ûnferstannige ynvestearrings, bringe it gesin finansjeel suver yn 'e ûnderwâl. Hoewol't Nertha wer swier rekket, slacht de oarspronklike leafde tusken har en Pier om yn hate. Nei in needlottich ûngemak mei in seachmasine, dêr't de âlde Romke by omkomt, einiget it ferhaal frij abrupt as Nertha besiket it nije bern te abortearjen en, sa wurdt suggerearre (mar net planút sein) dêrby sels ek it libben lit.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske oersetting fan This Is the Year ferskynde yn 1966 ûnder de titel Dit Is it Jier, yn in fertaling fan 'e hân fan taalkundige Klaas Dijkstra. It waard útjûn troch de Utjowerij Laverman te Drachten, mei in omslachûntwerp fan Meinte Walta.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|