Harry Mulisch
Harry Mulisch | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Harry Kurt Victor Mulisch | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 29 july 1927 | |
berteplak | Haarlim | |
stoarn | 30 oktober 2010 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Romans, toanielstikken, poëzy | |
bekendste wurk(en) |
Twee vrouwen, Het stenen bruidsbed De aanslag De ontdekking van de hemel | |
útjouwer | De Bezige Bij | |
jierren aktyf | 1947 – 2010 | |
offisjele webside | ||
Hiemside Harry Mulisch |
Harry Kurt Victor Mulisch (Haarlim, 29 july 1927 - Amsterdam, 30 oktober 2010) wie ien fan 'e wichtichste Nederlânske skriuwers fan nei de Twadde Wrâldkriich.
Mulisch, soan fan in Eastenryksk-Hongaarske heit dy't kollaborearre yn de Twadde Wrâldoarloch en in Dútsk-Joadske mem, waard grutbrocht yn dy oarloch, dy't tige ynfloed op him en syn skriuwerij hân hat. Yn 1947 ferskynde syn earste ferhaal (De kamer), yn 1952 folge syn earste roman: archibald strohalm. In soad boeken folgen, lykas Het stenen bruidsbed (1959), Twee vrouwen (1975), De aanslag (1982) en De ontdekking van de hemel (1992). Syn lêste roman wie Siegfried, ferskynd yn 2001. 'Magysk-mytysk' is in protte brûkte oantsjutting fan in grut part fan Mulich syn oeuvre.
Mulisch syn hâlden en dragen waard faak omskreaun as arrogant, dat, en syn stipe oan it Kuba fan Fidel Castro kaam him op krtyk fan guonts te stean. Hy jildt as ien fan de wichtichste nei-oarlochske Nederlânske skriuwers en wurdt ta "De Grutte Trije" fan de Nederlânske literatuer fan nei de oarloch rekkene, wêr't ek Willem Frederik Hermans en Gerard Reve by hearre. Mulisch wûn in grut tal literêre prizen, lykas de Priis fan de Nederlânske Letteren en de P.C. Hooft-priis, beide foar syn hiele oeuvre. De ontdekking van de hemel waard 2007 útroppen ta it bêste Nederlânskstalige boek fan alle tiden. Yn oktober 2010 stoar de auteur yn 'e âldens fan 83 jier oan kanker.
Wichtige skriuwersprestaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harry Mulisch hat in grut tal ferneamde en nei oare talen oersette boeken skreaun, wêrfan't der ek in protte in priis wûn haw, hjir in gronologyske list dêrfan:
- 1951 – Reina Prinsen Geerligspriis foar Archibald Strohalm
- 1957 – Bijenkorf-literatuerpriis foar Het zwarte licht
- 1957 – Anne Frank-priis foar archibald strohalm
- 1961 – Athos-priis foar syn hiele oeuvre
- 1961 – ANV-Visser Neerlandia-priis foar Tanchelijn
- 1963 – Vijverbergpriis foar De zaak 40/61
- 1977 – Constantijn Huygenspriis foar syn hiele oeuvre
- 1977 – Cestoda-priis
- 1977 – P.C. Hooft-priis foar syn hiele oeuvre
- 1986 – Diepzee-priis foar De aanslag
- 1993 – Multatulipriis foar De ontdekking van de hemel
- 1993 – Mekka-priis foar De ontdekking van de hemel
- 1995 – Priis fan 'e Nederlânske Letteren foar syn hiele oeuvre
- 1999 – Libris Literatuer Priis foar De procedure
- 1999 – Prix Jean Monnet de Littérature Européenne foar De ontdekking van de hemel
- 2003 – De Inktaap foar Siegfried
- 2007 – Prix européen des jeunes lecteurs foar Siegfried
- 2007 – Earedoktoraat oan 'e Universiteit fan Amsterdam
- 2007 – Italjaanske Nonino-priis foar literatuer
- 2007 – Bêste Nederlânske roman ea foar De ontdekking van de hemel
- 2009 – Gouden Eeuw Award foar syn hiele oeuvre
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hiemside Harry Mulisch
- Literatuurplein.nl
- NRCboeken.nl
- Uitgeverijarchipel.nl ferhâlding mei Kitty Saal (1956) (op archive.org)
- Trouw.nl biografy
- Nederlânsk romanskriuwer
- Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer
- Nederlânsk toanielskriuwer
- Nederlânsk dichter
- Nederlânsk essayist
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Tsjechysk komôf
- Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf
- Persoan fan Sudetendútsk komôf
- Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Persoan berne yn 1927
- Persoan stoarn yn 2010