Iikhoarntsjes komme foar yn 'e Amearika's, Jeraazje en Afrika, en binne troch de minske yn Austraaljeyntrodusearre. Biotopen fan dizze bisten rinne útinoar fan steppes oant reinwâlden, en wylst guon treflik oanpast binne oan it libjen heech yn 'e beammen, binne oaren hoalegravers, dy't noch nea in beam fan deunby sjoen hawwe. Hast alle soarten iikhoarntsjes hawwe in langwerpich lichem mei rûne foarmen en in lange plomsturt (al ûntbrekt de sturt wolris). Har gesichtsfermogen is tige goed ûntwikkele, en se binne foar it meastepart oerdeis aktyf, útsein de fleanende iikhoarntsjes, dat nachtdieren binne.