Springe nei ynhâld

Johann Jakob von Tschudi

Ut Wikipedy
Johann Jakob von Tschudi
politikus
echte namme Johann Jakob von Tschudi
nasjonaliteit Switsersk
bertedatum 25 july 1818
berteplak Glarus (Switserlân)
stjerdatum 8 oktober 1889
stjerplak Lichtenegg (Eastenryk)
etnisiteit Switserdútsk
Switsersk ambassadeur yn Brazylje
amtsperioade 18601868
Switsersk folmacht yn Eastenryk-Hongarije
amtsperioade 18661868
Switsersk ambassadeur yn
Eastenryk-Hongarije
amtsperioade 18681883

Johann Jakob von Tschudi (Glarus, 25 july 1818Lichtenegg, 8 oktober 1889) wie in Switsersk biolooch, natoerûndersiker, ûntdekkingsreizger en diplomaat. Teffens ynteressearre er him foar folkekunde, taalkunde en skiednis. Yn 'e 1860-er jierren tsjinne er in skoft lang as de Switserske ambassadeur yn Brazylje, en oanslutend wied er ambassadeur yn Eastenryk-Hongarije.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Von Tschudi waard yn 1818 berne yn it Switserske Glarus, as telch fan in âlde aadlike famylje. Hy studearre natoerwittenskippen en medisinen oan 'e universiteiten fan Neuchâtel, Leien, Suerich en Parys, en letter yn Berlyn en Würzburg. Yn 1838 reizge er nei Perû, dêr't er fiif jier bleau en ûnderwilens in rike botanyske kolleksje oanlei yn 'e Andes. Yn dy jierren kaam er yn 'e kunde mei Mariano Eduardo de Rivera yn Ustariz, de direkteur fan it Perûviaanske Nasjonaal Museum foar Archeology, Antropology en Skiedkunde, mei wa't er neitiid oan ferskate projekten gearwurke.

Yn 1843 ferbleau Von Tschudi in hoart yn Wenen, en yn 1848 schafte er him yn Lichtenegg, by Wiener Neustadt, in bûten oan mei de namme Jakobshof. Fan 1857 oant 1859 reizge er op 'e nij nei Súd-Amearika, dêr't er Brazylje, Argentynje, Oerûguay, Sily, Bolivia en op 'e nij Perû besocht. Yn 1860 waard Von Tschudi oansteld as ambassadeur foar Switserlân yn Brazylje, in amt dat er oant 1868 beklaaide. Yn dy jierren kombinearre er syn diplomatike beuzichheden mei lange reizen wêrby't er it lân ferkende en op 'e nij in protte planten samle foar museä yn Neuchâtel, Glarus en Freiburg. Fan 1866 ôf wie Von Tschudi ek Switsersk folmacht yn Eastenryk-Hongarije, en yn 1868 waard er promovearre ta ambassadeur yn Wenen, dat er oant 1883 ta bleau.

Behalven op botany lei Von Tschudi him ek ta op soölogy, en yn it bysûnder op 'e ornitology. Boppedat ferkende er op syn reizen soms gebieten dêr't noch nea gjin oare Jeropeänen west hiene, en dêrnjonken hied er ek belangstelling foar folkekunde, taalkunde en skiednis. Hy publisearre oer syn reizen en ûndersiken ferskate boeken, wêrûnder it monumintale, fiif dielen tellende Reisen durch Südamerika. Fierders droech er ek by, as skriuwer en redakteur, oan Antigüedades Peruanas, wêryn't er mei it ûndersyk nei de skedelfoarm fan 'e lânseigen befolking fan Perû fuortborduere op it wurk fan 'e Nederlânske antropolooch Petrus Camper.

Von Tschudi loek him yn 1883 werom op syn bûten yn Lichtenegg, dêr't er yn 1889 yn 'e âlderdom fan 71 jier kaam te ferstjerren. Hy wie troud mei de dochter fan 'e Dútske romantyske keunstskilder Julius Schnorr von Carolsfeld. Syn soan Hugo von Tschudi wie in bekend keunsthistoarikus.

eigen wurk
  • 1844-1847 – Untersuchungen über die Fauna Perus
  • 1846 – Peruanische Reiseskizzen während der Jahre 1838-42 (2 dielen)
  • 1853 – Die Ketchuasprache (2 dielen)
  • 1860 – Reise durch die Andes von Südamerika
  • 1863 – Die Brasilianische Provinz Minas-Geraes
  • 1866-1869 – Reisen durch Südamerika (5 dielen)
redaksje
  • 1851 – Antigüedades Peruanas (û.red.f. Von Tschudi en Mariano Eduardo de Rivera)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.