Kaapske slob
Kaapske slob | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
jerkje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Anas smithii | ||||||||||||
Hartert, 1891 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Kaapske slob (Spatula smithii) is in fûgel út it skaai slobeinen (Spatula) yn 'e famylje einfûgels (Anatidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Folwoeksen fûgels binne 51 oant 53 sm lang en ha in flekkerich griisbrún fearrekleed en oranje poaten. Lykas by in soad einen op it súdlike healrûn lykje jerkjes en wyfkes op in oar, mar it jerkje hat in ljochtere kop as it wyfke, ljochtblauwe dekfearren dy't fan in wite râne fan 'e griene spegel skieden wurdt. Fierder hat it mantsje giele eagen. De dekfearren fan it wyfke binne griis en de eagen donkerbrún.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kaapske slob komt allinne yn it suden fan Afrika foar. De fûgels libje yn iepen sompen, wiet gerslân of sompen mei wat opkommende fegetaasje. De fûgel is in stânfûgel mar kin wol nomadysk yn syn ferspriedingsgebiet wêze.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nêst fan 'e soart leit altiten yn 'e buert fan wetter en wurdt yn in ûndjippe kûle op 'e grûn boud. It is ôfset mei dûns en der wurde 6 oant alve aaien yn lein. Bûten de briedtiid is de Kaapske slob in sosjale fûgel en dan kin er grutte groepen foarmje.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kaapske slob siket iten yn ûndjip wetter troch mei syn snaffel hinne en wer te swyljen. Njonken plantaardich materiaal yt de ein ek weakdieren en ynsekten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje bestiet út sa'n 13000 oant 33000 folwoeksen fûgels en is net bysûnder grut. Dochs liket it oantal fûgels ta te nimmen en is der sprake fan in grut ferspriedingsgebiet. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN as net bedrige klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Cape shoveler
|
- Fûgelsoarte
- Slobein
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania