Keizertermen
De Keizertermen (Dútsk: Kaiserthermen) binne de monumintale resten fan in grutskalich plan foar Romeinske badhûzen yn it sintrum fan 'e hjoeddeiske stêd Trier, Dútslân. De foar in part noch 19 meter hege muorren foarmje ûnderdiel fan ien fan 'e grutste Romeinske termen noardlik fan 'e Alpen. De Keizertermen binne nea foltôge en wurde wat grutte oanbelanget noch oertroffen troch de âldere Barbaratermen yn Trier. Noch âldere termen binne de termen oan 'e Feemerk yn Trier, dy't út de jierren 80 n.Kr. datearje.
It gebiet is hjoed-de-dei in argeologysk park. De Keizertermen steane sûnt 1986 op 'e list fan it UNESCO-wrâlderfgoed.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It boubegjin fan 'e Keizertermen fûn noch foar 300 n.Kr. ûnder Konstantius I plak. De keizertermen wiene ornearre foar iepenbier gebrûk en moasten wat represintativiteit oanbelanget passe by de status fan 'e stêd Augusta Treverorum, yn dy tiid de residinsje fan de keizer en syn soan en opfolger Konstantyn.
Boukundich ûndersyk wiisde út dat it ynterieur en de technyske útrissing fan de thermale baden nea foltôge binne en dat de badaktiviteiten op syn bêst in tige beskieden begjin hân ha. Nei alle gedachten lei it wurk al sûnt 316 n.Kr. stil. Tusken Konstantyn de Grutte en keizer Lisinius ûntstie yn dat jier in konflikt om 'e allinnehearskippij. Konstantyn wie dêrnei in soad op 'e Balkan en ferhûze nei de oerwinning op Lisinius (324 n.Kr.) nei Konstantinopolis, dat er op 11 maaie 330 n.Kr. stifte.
De tiid dêrnei waard de rûge bou fan de Keizertermen, wêrfan it westlike diel nei alle gedachten noch net fierder wie as de fundearringsmuorren, fierder net brûkt en it ferfal sloech ta. De Keizertermen krigen sûnt it bewâld fan keizer Gratianus (375-383), dy't lykas syn heit Valentinianus I Trier op 'e nij as residinsje keazen hie, wer in funksje as garnizoen foar de keizerlike hysteliifwacht.
De ûnbidich grutte frijdragende hal fan it plande frigidarium (it kâlde bad) waard ôfbrutsen en de ûndergrûnske foarsjennings yn it westlike diel tichtsmiten. Wat oerbleau wie it eardere caldarium (waarme bad) met syn trije sirkelfoarmige romte fan it tepidarium (lauwe bad) dêrtusken, dat no de tagong fan in provisoarysk stedsgebou foarme.
Lykas wenst hearde by in Romeinsk garnizoen ek in militêr bad, dat westlik fan it eardere caldarium oanlein waard. De soldaten waarden yn akkomodaasjes ûnderbrocht, wêrfan de measten op 'e fûneminten fan de plande palaestra boud waarden. Sa ûnstie in sletten fjouwerkant plein karree dat op alle fjouwer siden troch in portikus omklamme waard. Wat fierder fan de oarspronklik plande tagong fan 'e termen ûntstie oan de westlike kant fan de palaestra in nije monumintale poarte foar de kazerne. Nei de strjitte ta wie de poarte triomfeftich mei oan wjerskanten in portikus. In massive eastlike warmuorre slette de eastlike kant fan 'e kazerne ôf.
Sûnt 392 wie Trier gjin keizerresidinsje mear en om it jier 400 hinne ferhûze it Romeinske bestjoer fan Trier nei Arles. Trier rekke yn it neigean en de befolking kromp. Yn 'e 6e iuw groeide de stêd wer mar no op it plak dêr't de domtsjerke en de Leaffrouwetsjerke steane. De eardere Keizertermen waard no as in fêsting brûkt en yn 'e Frankyske tiid tsjinnen de dikke muorren fan 'e gebouwen om de befolking te beskermjen.
Yn it sintrum fan de binnenhôf fan de Keizertermen waard tusken 1102 en 1124 de Sint-Gervasiustsjerke boud en de Keizertermen waarden ûnderdiel fan 'e súdlike stedsmuorre. It caldarium krige yn 'e hoeke tusken de eastlik apsis en de súdlike apsis in wentoer, dy't letter as finzenis brûkt waard. Ien fan 'e middelste finsterbôgen fan 'e súdlike apsis tsjinne yn 'e 13e iuw as stedspoarte. Tsjin it ein fan de 13e iuw sette in Agnitenmienskip harren nei wenjen om de Sint-Gervasiusparochy te tsjinjen. Yn 1295 waard op it noardwestlike terrein fan de termen it Agneskleaster stifte.
Healwei de 18e iuw waarden dielen fan 'e stedsmuorre en de trije heechste finsters fan de grutte apsis ôfbrutsen. Under Frânsk bestjoer waard yn 1803 ek de Sint-Gervasiustsjerke mei de grûn lyk makke. Twa jier letter waard yn it ramt fan de sekularisaasje it kleaster opheft. It portaal fan it kleaster bleau bewarre en stiet hjoed-de-dei foar de yngong fan de Leaffrouwetsjerke oer. Yn 1816 folge ek de sloop fan 'e finzenistoer.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebou beslacht in oerflak fan 250 by 145 meter en toant lâns in tinkbyldige lingteas in folslein symmetryske opstelling fan 'e romten en keamers. De oriïntaasje fan it kompleks komt net oerien mei it wenstige bouplan lykas beskreaun troch de Romeinske arsjitekt Vitruvius. Wenst wie om 'e waarme badromtes op it suden of súdwesten te oriïntearjen, dêr't dan grutte ramen sinneljocht opfange koene om sa maksimaal te profitearjen fan waarmte. De Keizertermen wike dêrfan ôf want it caldarium mei syn ûnbidige grutte apsis en syn grutte ramen om it ljocht op te fangen leit op it súdeasten. Dy oanpassing yn it ûntwerp hâldt mooglik ferbân mei de stêdeboukundige planning fan dy tiid.
It westlike ein fan de termen wurdt no begrinzge troch de Weberbachstrasse. Midden yn 'e dêr te bouwen muorre soe de 20 meter brede en ryk útfierde haadtagong fan 'e termen komme. It portaal hie trije yngongen wêrfan de middelste 4,6 meter breed en de twa flankearjende tagongen elts 2,5 meter breed wiene. As de besiker troch it portaal gie, kaam er yn in 20980 m² grutte binnenhôf of palaestra, dat yn it westen, noarden en suden omseame wie fan portiken. Yn dy binnenhôf seach de besiker út op in healrûne apsis fan 20 meter heech, dêr't nei alle gedacht in nymphaeum wie.
Nei de foltoging soe it frigidarium (kâlde bad, 47 by 22 meter) de grutste selsdragende seal fan it kompleks west ha en skraachwurk ûnderdwaan foar de basilyk fan Konstantyn. Yn ien fan it grutte tal romten bestie û.o. de mooglikheid om te switten of him massearje te litten, in pear romten hiene ek tobben. De rûte om troch it kompleks te gean hie in fêst patroan en wie by eltse Romein bekend. Njonken it frigidarium wie de hal fan it caldarium (waarm bad, 27 by 20 meter) it meast yndrukwekkend. Tusken it frigidarium en it caldarium wie noch in sirkelfoarmige koepelromte, dêr't it tepidarium (lau bad) wie. De diameter fan Romeinsk beton makke koepel wie 16,45 meter.
By it gebou hearden ek romten dêr't de besikers net kamen. Der wiene bygelyks treptuorren, dy't nei it dak fierden en ferwaarmingsromten (praefurnia) mei waarmwettertsjettels foar de flier- en muorreferwaarming. In wiidfertakt ûnderierdsk systeem fan betsjinningsgongen soargen der foar dat de badgasten gjin lêst hiene fan hin en wer rinnend persoaniel, dy't de praefurnia betsjinnen. Under de palaestra wiene ljochtskachten yn it getten ferwulft dy't foar wat ferljochting soarge, mar it gongesysteem ûnder de termen hie gjin ljochtskachten en dêr moast keunstljocht tapast wurde. In pear fan dy gongen hiene twa ferdjippings. Dêr soe eins ûnder de gong de ôfwettering fan 'e termen oer in haadkanaal nei de Mûzel hinne laat wurde, mar ûndersikers hawwe fêststeld dat dy boudielen nea foltôge binne. Ek de gongen yn 'e kelder toane feroaringen yn 'e plannen, om 't in pear letter wer tichtmitsele binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kaiserthermen (Trier)
|