Springe nei ynhâld

Kofta

Ut Wikipedy
Kofta

Kofta is in wiid ferspraat fleisgerjocht. Farianten wurde op de Balkan, yn Turkije, Noard-Afrika it Midden-Easten en yn India iten. It Perzyske wurd kūfta betsjut fleisbal. Koartsein bestiet it gerjocht dan ek út fleisballen dy't ûnderdompele binne yn saus. De baltsjes wurde foarôf stoofd, bakt of sean eardat se de saus yn geane. Soms wurdt ynstee fan fleis ek fisk of griente brûkt. It fleis kin ek om in hurdsean aai rôle wurde.

In opfallende variant is it Iraanske gerjocht Koofteh Tabrizi, wêrby't fleisballen mei in trochsneed fan oant wol 20 sm makke wurde.