Kristoffel fan Sternsee
Appearance
Kristoffel fan Sternsee (Christoph von Sternsee, om 1500 hinne - Harns, 1 febrewaris 1560) wie kolonel yn it Spaanske leger, drost en âlderman fan Harns, sûnt 1553 grytman fan Barradiel. Hy kaam út in Súddutsk laach en wie in man fan oansjen oan it hof fan keizer Karel V.
Hy boaske yn 1549 oan Kunera fan Ropta. Se krigen in soan en in dochter: Carel en Maria. Carel wie neamd nei de keizer, dy't ek syn peetheit wie. Maria wie neamd nei de suster fan de keizer, Maria fan Eastenryk, de lânfâdes fan de Nederlânnen, dy't ek har peetmuoike wie. Wigle fan Aytta droech 'Maaycke fan Sternsee' de tsjerke yn by har doop.
Fan Sternsee en de frou waarden beïerdige yn de tsjerke fan Mitselwier.