Moaren
De Moaren wie de beneaming foar de islamityske befolking fan it midsiuwske Spanje. De Moaren wienen benammen Marokkaanske Berbers en Arabieren.
Betsjutting en gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De komôf fan de namme is omstriden, guon ferklearje dat as Semitysk wurd Mahur dat wester of westersk betsjut by de semiten – benammen de Foenysjers – wylst oaren it werliede nei in Gryksk wurd dat ek westen betsjut. Wer oaren ferklearje it as in lokaal wurd dat ferbliuwplak betsjut. Neffens G. Camps waard dizze namme oan de Berbers jûn dy't net ûnder de kontrole fan de Romeinen foelen. Dizze Berbers stienen bekend as de Mauri en se libben yn it âlde keninkryk Mauretaanje (net te betiizjen mei it moderne Mauretaanje, dat westliker leit yn Afrika). De term "Moar" is in pre-islamityske term.
De Byzantynske histoarikus Prokopius omskreau de Moaren yn de 6e iuw as swarthûdigen dy't Numydje en Kartago befolken. De katolike aartsbiskop Isidorus fan Sevilla (560-636) skreau dat Maurus swart betsjutte. Yn de 9e iuw skreau de islamityske skriuwer Al-Jahiz dat de Zengs, Etioopjers, Fezzanen, Berbers, Kopten, Nubyers, Moaren ensfh. ta de swarte rassen hearden.
Foar de iere kristenen yn Jeropa wie de komôf ûnomstriden, de Moaren waarden yn in protte beskriuwings en ferhalen omskreaun as in donker kleure, Afrikaansk folk.
Sa wurdt yn de leginde oer in Moarske ridder neamd Moariaan as beskriuwing jûn: "Hy wie hielendal swart, syn holle, lichem en hannen wienen hielendal swart. Yn it Roelantsliet wurde de Moaren omskreaun as klibers "swarter as inkt, mei gjin plakje wyt op har, útsein harren tosken".
William Shakespeare brûkte de term Moar as synonym foar Afrikaan. St. Maurice de Moar wie in swarte beskermhillige foar Europa yn de midsiuwen.
In populêr sûkelarjegebakje wurdt yn Nederlân in moarkop neamd. It âld Nederlânsk berneferske begjint mei de opfallende sin "Moriaantje zo zwart als roet".
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Moaren waarden sa neamd fanôf de 5e iuw f.Kr. Se hieten ek sa yn it leger fan Kartago dat tsjin de Griken focht yn 406 f.Kr. en se hienen ek dy namme yn it leger fan Hannibal yn de Twadde Punyske oarloch en benammen yn de Slach by Zama Regia.
Guon âlde histoarisi brûkten de namme Moar om nei de Berberstam Liwata te ferwizen.
Yn 711 foelen de Moaren Spanje binnen ûnder de lieding fan Tarik ibn Zijad. Yn de desennia hjirnei wisten se hiel Spanje en it suden fan Portegal te feroverjen. Nei ± 800 begjint de Rekonkwista, wêrby't de Spanjerts de Moaren tebekkrongen.
Op in soad plakken yn Spanje wurde alle jierren optochten fan 'kristenstriders' en 'Moarske tsjinstanners' hâlden om de oerwinning fan de kristenen op de Moaren te fieren. It is lykwols net sa dat de Moaren yn dy optochten in fersleine yndruk meitsje.
Modern gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bûten de histoaryske betsjutting fan Moaren wurdt it wurd noch hieltiten brûkt, mar net yn deselde kontekst.
Yn Noard-Afrika wurdt de term Moaren brûkt om in etnyske groep oan te tsjuten dy't benammen yn Mauritaanje en ek yn dielen fan Marokko, de Westlike Sahara, Algerije, Niger en Maly wennet. Se sprekke it Hassaniya, in fariëteit fan it Arabysk. Dizze Moaren binne in griemmank fan Arabieren en Berbers.
Yn it moderne Spaansk is it wurd ('Los Moros') in befoaroardiele wurd foar Noard-Afrikanen yn it algemien.
Ek yn de Filipinen, in eardere Spaanske koloanje waard de lokale moslimbefolking op de súdlike eilannen "Moros" neamd. Dizze Moaren binne lykwols net fan Arabyske of Berberske komôf.
Yn Sri Lanka wurde de moslims fan Arabyske komôf Moaren neamd.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Moors fan Wikimedia Commons. |