Paradyskasarka
Paradyskasarka | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Sijke (lofts) en jerke (rjochts) | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Tadorna variegata | ||||||||||||
(Gmelin, 1789) | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De paradyskasarka (Tadorna variegata) is in fûgel út de famylje fan 'e Anatidae. De soarte hat wat it skaai oanbelanget in opfallend grut ûnderskie yn 'e kleur fan 'e fearren fan 'e beide geslachten.
Yn Nij-Seelân is de paradyskasarka ien fan 'e pear oarspronklike soarten, dy't fan 'e feroaringen fan it lânskip troch minsken wisten te profitearjen. As kultuerfolger komt de fûgel in soad foar en der mei op jage wurde. Alle jierren wurde der likernôch 100.000 fûgels fan 'e soarte sketten. De jacht is lykwols wat oan bannen lein nei't de populaasje yn guon gebieten bot ôfnaam.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Paradyskasarka is in lytsere kasarkasoarte, is tusken 63 sm en 71 sm lang en weecht tusken de 1,5 en 2 kg. Opfallend is de seksuële dimorfy fan 'e paradyskasarka. As prachtkleed hawwe de jerken in swartgriene kop en hals. De rest fan it bealchje is donker befearre. Under de sturt is de fûgel sprekkend liembrún. De snaffel is neffens de kop fan 'e fûgel mar koart en swart fan kleur. De poaten binne donkergriis en de eagen swart. It wyfke hat as prachtkleed in wite kop en hals. De rêch is donkergriis, wylst de flanken en de ûndersturt kastanjeread binne. Poatsjes, snaffel en eagen binne lyk kleurd as dy fan it mantsje.
Jonge fûgels lykje op de folwoeksen mantsjes. De fearkes fan harren bealchjes binne donkerbrún en swartgriis. Se hawwe fleugels lykas dy fan folwoeksen fûgels, mar de grutte dekfearren binne dan griis en net wyt. It kopke is swartgriis en de basis fan 'e snaffel en de eagen binne ljochter. Jonge wyfkes binne wat lytser as jonge jerkjes en sy hawwe in wite snaffelbasis. Harren rêch en de flanken binne ek wat bruner. De wite kop dy't sa karakteristyk is foar de wykes sjogge wy by de jonge froulike paradyskasarka's earst sûnt it twadde jier.
De folwoeksen wyfkes ferfearje tusken jannewaris en maart as de piken likernôch 40 dagen âld binne. Yn dy tiid kinne se 28 oant 42 dagen net fleane.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Paradyskasarka's binne yn it twadde jier geslachtsryk, mar likernôch mar de helte fan 'e wyfkes begjint dan te brieden. Dat komt om't de fûgels yn it jier dêrfoar al djoeid en in briedgebiet beset hawwe moatte. De fûgels foarmje pearkes foar faak in libben lang. It territoarium wurdt fûl ferdigene troch sawol de jerk as it wyfke. Fan augustus oant oktober wurde 6 oant 12 wite aaien lein yn in nêst yn beamholtes, holtes ûnder omfallen beammen, kninegatten of yn spalten fan rotsen. De briedplakken lizze by lytse markes en sompen. In lyts diel fan 'e populaasje briedt oan 'e mûning fan rivieren en flakke kustgebieten. Yn 'e bergen fine hja ek wol gaadlike plakken op flakke dielen lân mei stadich streamend wetter.
It nêst wurdt mei fearren en gers ôfset. It wyfke leit maksimaal 9 krêmkleurige aaien. It wyfke sit op 'e aaien en it mantsje bliuwt yn 'e buert en helpt om de piken grut te bringen. It ferlies oan piken is relatyf lyts en troch de bank nommen komme seis piken út it nêst ta fleanen. De grutste deadsoarsaak fan jonge paradyskasarka's binne ûngeunstige waarsomstannichheden. Ek hawwe jonge piken lêst fan katten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De paradyskasarka is in endemyske soarte fan Nij-Seelân. Dwaalgasten komme yn eastlike rjochting foar oant de Chathameilannen en yn noardwestlike rjochting somtiden oant it Lord Howe-eilân. Foar de kolonisaasje fan Nij-Seelân kaam de fûgel allinne foar op it is súdlike eilân. Noardlik fan 39°SB kaam de paradyskasarka selden. De fûgels wiene allinne yn sompen te sjen, dy't begroeid wiene mei gerspôlen. Om't sok biotoop net in soad foarkaam wie de paradyskasarka nei alle gedachten in seldsume fûgel.
Mei't de minsken bosk yn greide feroaren, ûntstie der foar de kasarka mear geskikt biotoop en koe de soarte him oer hiel Nij-Seelân útwreidzje. De fûgel siket op greide syn iten en is dêrom faak te sjen op lân dat agrarysk brûkt wurdt. De fûgel komt ek yn parken mei fivers foar. Alhoewol't der op de fûgel jage wurdt, nimt de populaasje ta. Yn it jier 2001 bestie de totale populaasje út mear as 300.000 eksimplaren.
De paradyskasarka is in stânfûgel en it ferfearjen bart net fier fan it briedplak.
Hâlden fan paradyskasarka's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar it earst koenen paradyskasarka's yn Europa yn 1863 yn 'e dieretún fan Londen sjoen wurde. De dieretún fan Berlyn krige yn 1869 ek paradyskasarka's. Al gau waarden paradyskasarka's mei sukses fokt en sûnt ferskynden se ek yn oare dieretunen. De fûgels wurde hjoed-de-dei ek wol troch partikulieren as sierwetterfûgel holden. Se binne net sa gefoelich foar kjeld en binne ek net sa agressyf tsjin lytsere einesoarten. Foar guozzen en swannen oer binne paradyskasarka's lykwols agressyf.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Paradiesgans
|