Springe nei ynhâld

Pieter Benjamin Johan Vegelin van Claerbergen (1878-1942)

Ut Wikipedy

Pieter Benjamin Vegelin fan Claerbergen (Amsterdam, 12 novimber 1878 - De Jouwer op Heremastate, 13 febrewaris 1942), wie in Fryske boargemaster, earst fan Anjewier en fan 1910 oant 1935 fan Haskerlân.

Op 35-jierrige leeftyd troude hy yn Tiel mei Anna Aurelia Maria Hofstede. Se krigen twa bern. Yn 1922 kocht er fan syn nicht de Heremastate. Nei in grutte ferbouwing fan de state ferhuze de húshâlding fan it hûs "Ter Huivra" nei Heremastate. Neist boargemaster wie Vegelin van Claerbergen ek folmacht (1909) en dykgraaf (1925) fan it wetterskip "De Zeven Grietenijen en Stad Sloten". Fierders wie hy fan 1911-1923 lid en foarsitter fan de fâdijrie op It Hearrenfean.

Yn 1935 fierde hy syn fiifentweintichjierrich jubileum as boargemaster fan Haskerlân. By dy gelegenheid waard hy beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Troch de ynwenners fan Haskerlân waard him in bakstiennen bank mei oerwurk en brûnzen plakette oanbean. Dizze Vegelinbank stiet op De Merk op 'e Jouwer. [1] Jhr. Pieter Benjamin Johan wie de lêste fan syn laach dy 't boargemaster fan Haskerlân wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: