Springe nei ynhâld

Sint-Stefanuskleaster

Ut Wikipedy
It Sint-Stefanuskleaster

It Sint-Stefanuskleaster (Armeensk: Սուրբ Ստեփանոս վանք; Maghardavank Մաղարդավանք; Perzysk: کلیسای استفانوس مقدس‎‎, Azerbeidzjaansk: مؤقدس ایستیپانوس کیلیساسی, ) is in Armeensk kleaster op likernôch 15 kilometer ten noarden fan de stêd Jolfa yn de noardwestlike Iraanske provinsje East-Azerbeidzjan.

It kleasterkompleks leit yn in djippe kleau oan de Aras-rivier op de Iraanske kant fan de grins tusken de autonome republyk Nachitsjevan en Iran. It waard yn de 9e iuw boud en yn it tiidrek fan de dynasty fan de Safaviden nei ferskate ierdskoddings op 'e nij oplutsen.

Detail fan it bouwurk

It earste kleaster op it plak waard boud yn de 7e iuw en foltôge yn de 10e iuw. Mar de apostel Bartoloméus stifte hjir op dit plak al yn it jier 62 nei Kristus in tsjerke. Dizze tsjerke waard yn de 11e en 12e iuw fernield troch optsjende Seltsjoeken. Mei't de Mongoalen it gebiet yn teagen, kearden de kânsen foar de kristenen en de Armeenske Tsjerke tekene in fredesferdrach mei de Mongoalen. It kleaster waard yn de twadde helte fan de 13e iuw renovearre. Yn 1330 folge in folsleine nijbou fan it kleaster. Kultureel en intellektueel foarmen de 14e iuw en de 15e iuw it hichtepunt fan it kleaster. Der waarden doe tal fan skilderijen en illustraasjes op it mêd fan religy, skiednis en filosofy produsearre.

Ek yn de iere 15e iuw bleaunen de Armenen beskerming hâlden fan de Safaviden. Mar it gebiet waard in sintrum fan ûnrêst tusken de Safaviden en de Ottomanen, dy't West-Armeenje yn 1513 oanfoelen. Stadichoan rekke it kleaster yn ferfal oant sjah Abbas I yn 1604 it beslút naam om de bewenners fan it gebiet te evakuearjen. It kleaster bleau leech eefter, mar fan ôf 1650 waard it gebiet wer befolke en it ferlitten en skeinde kleaster koe op 'e nij renovearre wurde.

Oan it begjin fan de 18e iuw kaam it gebiet bleat te stean oan de ekpânsjedrift fan it Russyske Keizerryk. Jerevan wie yn 1827 troch Russyske troepen ferovere en dêrnei waard de grins tusken Ruslân en Perzje neffens it Ferdrach fan Turkmantsjai fêstlein lâns de Aras. It gefolch wie dat in part fan de befolking twongen waard te ferhûzjen nei Russysk Armeenje. Nettsjinsteande dat bleane de Qajar-hearskers de Armenen beskermjen en hja moedigen de Armenen sels oan om it kleasterkompleks tusken 1819 en 1825 wer op te bouwen.

Sûnt hawwe der meardere restauraasjes oan it kompleks plak fûn.

Yn july 2008 waard it kleaster op de list fan it UNESCO-wrâlderfskip ynskreaun, tegearre mei twa oare Armeenske monuminten: it Sint-Taddéuskleaster en de kapel fan Dzordzor.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis op dizze side.