Springe nei ynhâld

The Intern (film út 2015)

Ut Wikipedy
The Intern
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Nancy Meyers
produsint Nancy Meyers
Suzanne Farwell
senario Nancy Meyers
kamerarezjy Stephen Goldblatt
muzyk Theodore Shapiro
filmstudio RatPac-Dune Entertainment
Waverly Films
distribúsje Warner Bros. Pictures
spilers
haadrollen Anne Hathaway
Robert De Niro
byrollen Rene Russo
Anders Holm
Andrew Rannells
Adam DeVine
Zack Pearlman
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 15 septimber 2015
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjedrama
taal Ingelsk
spyltiid 121 minuten
budget en resultaten
budget $44 miljoen
opbringst $194,6 miljoen

The Intern is in Amerikaanske komeedzjedramafilm út 2015, dy't regissearre, produsearre en skreaun waard troch Nancy Meyers. De film giet oer in 70-jierrige widner dy't as stazjêr by in online-moadeprodusint oan it wurk giet. De haadrollen waarden fertolke troch Anne Hathaway as de jonge ambisjeuze direktrise fan it nije súksesfolle bedriuw, en Robert De Niro as har stazjêr. De troch Warner Bros. útbrochte film ûntfong mingde resinsjes, mar makke mear as $150 miljoen winst.

De 70-jierrige pinsjonearre widner Ben Whittaker jout him op foar in stazjêreprogramma foar lju op jierren, om't er him thús ferfeelt. Yn dy hoedanichheid sollisitearret er by About the Fit, in jong en súksesfol online-bedriuw yn 'e New Yorkske wyk Brooklyn, dat damesmoade produsearret en yn oardel jier útgroeid is fan in ienmansbedriuw ta in saak mei 220 wurknimmers. Oprjochtster en direktrise Jules Ostin hie earder nammentlik har bedriuw opjûn foar in mienskipsopbouprogramma dêr't it ynhieren fan âldere stazjêres ûnderdiel fan útmakket. Ben makket in goede yndruk en is ien fan 'e earste fjouwer âldere stazjêres dy't oannommen wurde.

By About the Fit wurdt Ben as stazjêr oan Jules sels tawiisd, dy't yn 't earstoan frijwat skeptysk is oer de kapasiteiten fan immen fan syn jierren. Hoewol't er sadwaande yn it begjin mei syn bazinne in poer saaklike relaasje hat, wit Ben ûnderwilens mei syn sympatike persoanlikheid syn kollega's foar him te winnen. Op in dei nei it wurk, as er op hûs oan sil wylst Jules oerwurket, sjocht Ben dat Jules har sjauffeur oan it drinken is wylst er op har wachtet. Dêrop oertsjûget er de sjauffeur om ôf te setten, en riidt er Jules sels nei hûs, in putsje dat er de dagen dêrnei behâldt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Uteinlik begjint Jules te ûntteien, mei't se sjocht dat Ben goed wurk leveret en populêr is by har oare wurknimmers. As se op in dei tegearre oerwurkje, reitsje se oan 'e praat. Ben fertelt har dan dat er foar syn pinsjoen sels yn 'e direksje siet fan DEX One, in bedriuw dat tillefoanboeken printe, en dat fêstige wie yn persiis itselde gebou dêr't About the Fit no sit. Underwilens kriget Ben in romantyske relaasje mei de in-house-fysioterapeute fan About the Fit, in frou yn har middeljierren dy't Fiona hjit. Foar de jongere wurknimmers ûntjout er him min ofte mear ta in heitfiguer, û.m. troch rie te jaan oer de leafde, klean en it lykwicht tusken wurk en thús. Ien fan syn kollega's lit er troch de wike sels yn syn hûs sliepe, as dy syn eardere sliepplak yn 'e buert kwytrekket en dêrtroch eltse dei mear as twa oeren op en del reizgje moat fan hûs nei wurk.

Ben en Jules reitsje befreone en hy regelet almar mear dingen foar har. Dat giet sels safier dat er mei in stikmannich jongere kollega's ynbrekt yn it hûs fan har mem om tagong te krijen ta dy har kompjûter nei't Jules har mem by fersin in oan in oar rjochte, misledigjend e-mailtsje stjoerd hat wêryn't se har oer it hâlden en dragen fan har mem beklaget. Ben komt ek yn 'e kunde mei Jules har gesin, dat bestiet út har man Matt en harren dochterke Paige. Matt is húsman en hat syn eigen, gâns ûnthjittende karriêre opjûn om Jules harres mooglik te meitsjen, mar it houlik kreaket yn syn foegen wylst Jules en Matt almar fierder útinoar groeie.

Underwilens stiet Jules ûnder druk om har eigen posysje as algemien direktrise fan About the Fit op te jaan oan immen fan bûten it bedriuw, mei't har oandielhâlders fine dat it wurk har boppe de holle groeid is. Om't se mient dat se dêrtroch mear tiid mei Matt en Paige trochbringe kinne sil, wol Jules dat wol yn omtinken nimme. Mar as Ben de lytse Paige thúsbringt fan in jierdeisfeestje fan ien fan har freondintsjes, ûntdekt er dat Matt in bûtenechtlike relaasje oanknope hat mei de mem fan ien fan 'e oare bern op 'e skoalle fan Paige. Neitiid pakt er der ôfgryslik mei om oft er Jules no al of net fertelle moat wat er sjoen hat, mar op in sakereis nei San Francisco foar in petear mei in mooglike kandidaat om har te ferfangen as algemien direkteur, bychtet Jules op dat se al fan 'e oerhoer fan Matt op 'e hichte is. Se hat him der allinnich noch net oer geweken nommen om't se noch net ree wie om it ûnder eagen te sjen.

Mei as bedoeling om harsels tiid te jaan om har houlik te rêden, nimt Jules de kandidaat-direkteur oan. As se de oare deis Ben thús opsiket, trunet dy har oan om der nochris goed oer nei te tinken hoe'n probleem oft de oanstelling fan in oare algemien direkteur wurde kin foar har gesach yn har eigen bedriuw en hoe't it as rem wurkje kin op har eigen kreätiviteit. Neitiid komt Matt ûnferwachts del op kantoar om har it oannimmen fan in nije direkteur te ûntpraten. Hy bychtet syn affêre op en seit dat er spyt hat en beskamme is en dat er har dreamen ûnderstypje wol. Nei't Jules har mei har man fermoedsoene hat, giet se op syk nei Ben, om him it goede nijs te fertellen, en ek dat se besletten hat om ôf te sjen fan it oanstellen fan in oare direkteur. Ben is der lykwols net, want hy hat de rest fan 'e dei frijnommen. Fiona fertelt har wêr't se him fine kin, dat Jules set ôf nei it park, dêr't Ben mei in groepke âlderen tai chi oan it beoefenjen is. Hy nûget har út om mei te dwaan en Jules docht dat. Dan kin se harsels einlings en te'n lêste ûntspanne litte.

Robert de Niro.
Anne Hathaway.
haadrollen
personaazje                             akteur/aktrise
Ben Whittaker Robert De Niro
Jules Ostin Anne Hathaway


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Fiona Rene Russo
Matt Anders Holm
Cameron Andrew Rannells
Jason Adam DeVine
Davis Zack Pearlman
Lewis Jason Orley
Becky Christina Scherer
Paige JoJo Kushner
Justin Nat Wolff
Patty Linda Lavin
Doris Celia Weston
Jules har mem (inkeld oer de  tillefoan) Mary Kay Place
Miles Steve Vinovich
Samantha Molly Bernard

The Intern wie fan it begjin ôf oan in projekt fan Nancy Meyers. Oarspronklik soe de film makke wurde troch Paramount Pictures, mei Tina Fey en Michael Caine yn 'e haadrollen. Doe't der lykwols gjin oerienstimming berikt wurde koe oer it budget, gie Meyers mei de film oan it suteljen by oare filmstudio's. Warner Bros. toande belangstelling, mar ferfong Fey troch Reese Witherspoon, dy't lykwols yn jannewaris 2014 ôfheakke om't se oare ferplichtings hie yn 'e snuorje dat de opnamen fan The Intern pland wiene. Uteinlik waarden yn febrewaris fan dat jier kontrakten sletten mei Anne Hathaway en Robert De Niro om 'e haadrollen te fertolkjen.

De opnamen setten op 23 juny 2014 útein op lokaasje yn 'e New Yorkske wyk Brooklyn, en duorren oant en mei 29 septimber. Foar The Intern wie in budget beskikber fan $44 miljoen. De rezjy wie yn 'e hannen fan Meyers, dy't ek it senario skreaun hie en tegearre mei Suzanne Farwell filmprodusinte wie. Stephen Goldblatt die de kamerarezjy, en Theodore Shapiro wie ferantwurdlik foar de filmmuzyk. The Intern wie in produksje fan RatPac-Dune Entertainment en Waverly Films foar Warner Bros. Pictures, dat de distribúsje die. De earste trailer waard útbrocht op 13 maaie 2015. De film belibbe op 15 septimber 2015 yn Belgje syn wrâldpremiêre en iepene op 25 septimber yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Yn 'e krante The Chicago Sun-Times wie resinsint Richard Roeper loovjend oer The Intern, dat er in film fûn "mei foar in diel wier oardielkundige dialooch, in tal echt grappige stikjes [...] en lytse sênes dy't ús yn 'e kunde komme litte mei in stikmannich sympatike ûnderstypjende rollen [...]." Manohla Dargis skreau yn The New York Times dat de film "oer it algemien knap ûnwjersteanber" wie, hoewol't se krityk hie op Meyers har senario en op 'e "tsjinstridige ideeën oer machtige froulju" dy't út The Intern nei foarren kamen. De rol fan De Niro wie neffens Dargis it hichtepunt fan 'e film, mei't er neffens har "de film makke fan it momint ôf dat er foar it earst de mûle iependocht." Hathaway har rol omskreau Dargis lykwols as "net sasear in personaazje, mar mear in snelwanneljende, fluchpratende samling seksefoaroardielen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't safolle mooglik resinsjes sammelet en op grûn dêrfan in skoare gearstald, hat The Intern in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 174 ûnderskate resinsjes. Neffens de konsinsuskrityk fan Rotten Tomatoes docht "The Intern [...] net genôch mei syn moderne útgongspunt, mar komt de ûnotterdokse gemy tusken de talintearre haadrolspilers de film te'n goede." Regisseur Quentin Tarantino sei yn in fraachpetear dat hy The Intern as ien fan 'e bêste films út 2015 beskôge, dy't, as it oan him lein hie, kâns makke hie op in Oscar. Hy priizge dêrby sawol it senario fan Meyers as it optreden fan De Niro. Yn 'e Britske krante The Guardian skreau Clem Bastow dat alle minne resinsjes fan The Intern ôfkomstich wiene fan manlju, dy't de oerweldigjende mearderheid fan 'e filmkritisy yn 'e wrâld foarmje.

The Intern brocht yn Noard-Amearika $75,7 miljoen op, wêrfan $17,7 miljoen yn it premiêrewykein. Yn 'e rest fan 'e wrâld waard oan 'e film $118,8 miljoen fertsjinne. Dêrmei kaam de totale opbringst út op $194,6 miljoen, wat delkaam op in winst fan $150,6 miljoen. The Intern waard yn 2016 nominearre foar in Teen Choice Award yn 'e kategory bêste komeedzjefilm, wylst Anne Hathaway foar sa'n selde priis nominearre waard yn 'e kategory bêste aktrise yn in komeedzjefilm. Robert De Niro waard foar syn rol nominearre foar in Critic's Choice Movie Award yn 'e kategory bêste akteur yn in komeedzjefilm.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.