Springe nei ynhâld

Vank katedraal

Ut Wikipedy
Vank-katedraal
Սուրբ Ամենափրկիչ Վանք
Lokaasje
lân Iran
plak Isfahan
koördinaten 32°38'N 51°39'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
Arsjitektuer
boujier 1606-1664
Kaart
Vank katedraal (Iran)
Vank katedraal

De Hillige Ferlosserkatedraal ( (Armeensk: Սուրբ Ամենափրկիչ Վանք, Soerb Amenaprkitsj Vank; Perzysk: کلیسای وانک or آمنا پرکیج, Kelisa-ye Vank of Amenapergich) is in Armeensk-apostoalysk tsjerkegebou yn 'e Armeenske wyk fan 'e Iraanske stêd Isfahan. De tsjerke stiet ek bekend ûnder de namme Vank-katedraal (it wurd "Vank" stiet yn it Armeensk foar kleaster of konvint).

Fanwegen de kriich mei de Ottomanen twong sjah Abbas I de Armeenske befolking fan 'e stêd Culfa yn 'e jierren 1603-1605 te ferhûzjen nei syn nije haadstêd Isfahan. De katedraal waard ien fan 'e earste tsjerken dy't de Armeenjers yn harren nije delsetting bouden en hie in grutte ynfloed op 'e arsjitektuer en dekoraasje fan in soad otterdokse tsjerken yn Irak en Iran.

Koepel.

De bou sette nei alle gedachten yn 1606 útein en einige mei in soad feroarings oan it oarspronklike ûntwerp tusken 1655 en 1664 ûnder tafersjoch fan aartsbiskop David. De katedraal bestiet út in romte bekroand mei in koepel, dy't oan Iraanske moskeeën tinken docht. De katedraal ûnderskiedt him lykwols fan in moskee-eftich gebou troch de tafoeging fan in semy-achthoekige apsis en in ferhege alterromte, dy't karakteristyk binne foar Westerske tsjerken. It eksterieur fan 'e katedraal bestiet út relatyf modern muorrewurk en foarmet mei de gledde flakken in kontrast mei it tige rike ynterieur.

It ynterieur is fersierd mei ferguld fykwurk, detaillearre skilderwurk en ryk útfierde tegels. De blau en goud skildere sintrale koepel lit bibelske foarstellings sjen fan 'e ferdriuwing fan 'e minske út de tún fan Eden. De pendintiven fan 'e hiele tsjerke binne beskildere mei it Armeenske motyf fan in kearûb-ingel mei optearde fleugels. It plafond boppe de tagong waard dekorearre mei florale motiven yn 'e Perzyske styl. De muorrefresko's binne te ferdielen yn twa dielen: de foarstellings boppe stelle sênes út it libben fan Jezus foar, wylst it yn it ûnderste diel foarstellings fan Armeenske martlers út it Ottomaanske Ryk útbylde wurde.

Oan it plein fan 'e katedraal stiet in grutte frijsteande klokketoer. Sawol oan 'e foet fan 'e toer as oan 'e binnenkant fan 'e bûtenmuorre binne grêven oanlein. Yn de hoeke fan it plein stiet njonken it museum en de bibleteek in monumint, dat de troch de Turken útfierde genoside op 'e Armeenjers betinkt. Bûten it museum binne ferskate stiennen mei Bibelske foarstellings te sjen.

De bibleteek bestiet út mear as 700 manuskripten, dy't in unike boarne foar de midsiuwske Armeenske skiednis en keunst foarmje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Vank Cathedral