Springe nei ynhâld

Vinnytsja

Ut Wikipedy
Vinnytsja
Flagge Wapen
Polityk
Lân Oekraïne
Oblast Vinnytsja
Sifers
Ynwennertal 367.703 (2019)
Oerflak 113.2 km²
Befolkingstichtens 3.249 / km²
Hichte 248 m
Oar
Stifting 1363
Tiidsône EET (UTC+2)
Simmertiid (UTC+3)
Webside Side fan de stêd

Vinnytsja (Oekraynsk: Вінниця, [ˈβ̞in:ɪts͡ʲa]; Ingelsk: Vinnytsia; Russysk: Винница, [ˈvʲinʲ:ɪts͡ə]; Poalsk: Winnica) is in stêd yn de Oekraïne op likernôch 260 kilometer súdwestslik fan de haadstêd Kiëv. It is de haadstêd fan it oblast mei deselde namme en it bestjoerlik sintrum fan it rayon Vinnytsja, alhoewol't de stêd dêr sels gjin ûnderdiel fan foarmet. Der wenje likernôch 367.000 minsken yn Vinnytsja (2019).

De stêd giet werom op de midsiuwen en wie iuwen ûnder Poalsk bewâld oant de stêd yn 1793 by it Russyske Ryk foege waard. Yn de jierren 1930 en it begjin fan de jierren 1940 fûnen der grutte slachtpartijen plak. Earst troch de suverings fan Stalin en dêrnei troch de holocaust yn de Oekraïne ûnder de besetting fan de nazy's. Yn de Twadde Wrâldkriich binne alle noch yn de stêd wenjende joaden deasketten. De ynwenners fan Vinnytsja waarden twongen de grêven te graven en as immen net meiwurkje woe waard dy ek fuort deasketten.

De stêd leit oan de Súdlike Bûg yn de histoaryske regio Podoalje en Vinnytsia leit likernôch 260 km súdwestlik fan Kiëv, 429 km noardwestlik fan Odessa en 369 km eastlik fan Lviv.

Vinnytsja is sûnt de 14e iuw in ekonomysk en polityk sintrum fan de omkriten. Yn de 14e iuw waard oan de igge fan de rivier in fort boud tsjin de ynfallende Tataren. It plak krige yn de 15e iuw stedsrjochten en tusken 1569 en 1793 foarme de stêd in diel fan Poalen, mei in ûnderbrekking tusken 1672 en 1699 doe't de Turken de stêd oermastere hiene. Yn de 17e iuw waarden de earste stiennen gebouwen boud (tsjerke en skoalle), dy't der ek hjoeddedei noch steane. It besjen wurdich binne de houten Nikolaastsjerke (1746) en de kleasters fan de kapusinen, de jezuïten en de dominikanen (17e-18e iuw). Nei de Twadde Poalske Dieling foel de stêd oan it Russyske Ryk ta. De nij hearsker betsjutte ek in oare foarm fan kristendom en de roomske tsjerken waarden oerdroegen oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke oerdroegen.

De lêste joad yn Vinnytsja

Nei de Russyske Revolúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vinnytsja waard yn de Russyske Boargeroarloch sûnt 1920 in ûnderdiel fan de Oekraynske Sovjetrepublyk. Doe't Dútske troepen yn de Twadde Wrâldkriich op 19 july de stêd oermasteren groeven se 9.439 lichems op, benammen manlike Oekraïners. De slachtoffers waarden yn de jierren 1937-1938 yn de tiid fan Stalin's grutte suverings fermoarde en waarden no yn de Dútske propaganda brûkt tsjin de bolsjewiken.

Russyske kriichsfinzenen bouden yn de jierren 1941-1942 by de stêd ien fan Hitler's eastlike haadkertieren, Führerhauptquartier Wehrwolf. Nei 't it haadkertier foltôge wie waarden in soad kriichsfinzenen deasketten. It kompleks bestie út in grut tal bunkers, ynklusyf in bunker foar Hitler, dêr't er sels in wykmannich yn 1942 en it begjin fan 1943 west hat. De nazy's blaasden de bunkers yn 1944 op, mar de resten kinne besocht wurde.

Under de wredens fan de nazy's foel ek de moard op de likernôch 28.000-35.000 leden fan de joadske mienskip út de stêd en omkriten troch Einsatzgruppe C. Foar de kriich makken de joaden likernôch 36% út fan de hiele befolking fan de stêd. Likernôch de helte fan harren koe noch útnaaie foar't de Dútsers op 19 july 1941 de stêd besetten. Al in pear moanne leter, yn it midden fan septimber, waarden 1.000 joaden fermoarde, saneamd as straf foar sabotaazje. De measte joaden fan de joadske mienskip waarden yn twa grutte operaasjes yn 1941 en 1942 om it libben brocht.[1] Yn 1942 waard in grut part fan de joadske wyk Yerusalimka ferneatige.

Ien fan de meast bekende foto's fan de moarden op joaden is in ôfbyld dat bekend waard as "De lêste joad fan Vinnytsja". It is de tekst efter in foto dy't fûn waard yn in boekje fan in Dútske soldaat, dy't by de befrijing fan de stêd op 20 maart 1944 troch it Reade Leger finzen nommen waard. It ôfbyld lit in foar it massagrêf knibbeljende joadske man sjen, dy't op it punt stiet deasketten wurden troch in lid fan de Einsatzgruppe D.

Nei de kriich waarden Dútsers yn it Kriichsfinzenenkamp 253 ynternearre.

Yn de tiid fan de Kâlde Kriich Vinnytsja militêre betsjutting troch de oanwêzigens fan de loftmacht fan de Sovjet-Uny. Der wiene militêre foarsjennings lykas in fleanfjild, in hospitaal, opslachplakken foar wapens en oare militêre saken. Sûnt 1992 hat de Oekraynske Loftmacht de basis oernommen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Vinnytsia