Dochiariou-kleaster
Dochiariou-kleaster Μονή Δοχειαρίου | ||
Lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Agio Oros 603 86 | |
koördinaten | 40° 15' N 24° 10' E | |
Kleastergegevens | ||
oprjochting | Stifting 2e helte 10e iuw | |
oprjochter | Eutymius fan Atos | |
patroanhillige | Michael en Gabriel | |
Webside | ||
inathos.gr | ||
Kaart | ||
It Dochiariou-kleaster (Gryksk: Μονή Δοχειαρίου) is in eastersk-otterdoks kleaster op de berch Atos yn Grikelân. It leit oan 'e westlike kant fan it eilân en it is it earste kleaster dat te sjen is as it skiereilân mei de boat út Ouranoupoli nei Dafny oandien wurdt. Yn it ferline is de posysje fan it kleaster op Atos nochal ris feroare, mar hjoed-de-dei stiet it as tsiende yn 'e rang fan 'e Atos-kleasters.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen skriuwe de stifting fan it kleaster oan ferskillende persoanen ta. Nei alle gedachten waard de foargonger fan it hjoeddeiske kleaster yn 'e twadde helte fan 'e 10e iuw by de haven fan Dafny stifte. Om't de muontsen lêst krigen fan piraten ferlieten hja letter it âlde plak en ferhûzen se nei de lokaasje fan it tsjintwurdige kleaster. De katolikon waard oan 'e aartsingels Michael en Gabriel wijd.
It kleaster hie slim te lijen yn de tiid fan de Grykske opstân tsjin de Ottomanen yn 1821. De Turken mishannelen de muontsen en plonderen it kleaster.
De bibleteek bestiet út 545 manuskripten en mear as 5000 printe boeken. Yn it kleaster wurdt in wûnderdiedich ikoan bewarre.
De hjoeddeiske katolikon fan it kleaster datearret út it midden fan 'e 16e iuw. De fresko's fan 'e tsjerke binne skildere troch skilders fan Kreta, de ryk fersierde ikonostaze stamt út 1783. Binnen de kleastermuorren binne der noch ris tolve kapellen, bûten de muorren fjouwer.[1][2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kloster Dionysiou
|