Springe nei ynhâld

Esfigmenou-kleaster

Ut Wikipedy
Esfigmenou-kleaster
Μονή Εσφιγμένου
Lokaasje
lân Grikelân
plak Berch Atos
koördinaten 40° 21' N 24° 8' E
Kleastergegevens
oprjochting Stifting 10e iuw
patroanhillige Himelfeart fan Kristus
Webside
esphigmenou.com
Kaart
Esfigmenou-kleaster (Atos)
Esfigmenou-kleaster

It Esfigmenou-kleaster (Gryksk: Μονή Εσφιγμένου) is in eastersk-otterdoks kleaster yn 'e monastike steat fan 'e berch Atos yn Grikelân. It op it noardlike diel fan it skiereilân lizzende kleaster giet werom op 'e 10e iuw, mar de tradysje wol ha dat it plak al yn 'e 5e iuw troch in kleaster brûkt waard. Fan alle kleasters hat Esfigmenou de measte muontsen. It heart ek by de meast tradisjonele kleasters fan Atos en spilet sûnt 1970 in rol yn tsjerklike diskusjes. Yn 'e folchoarder is Esfigmenou it achttjinde yn rang.

Sûnt de stifting oant de Ottomaanske ferovering ûndergyng it kleaster in perioade fan wolstân. Byzantynske keizers droegen rynsk by oan dy wolstân, lykas ek oare otterdokse foarsten, lykas de Servyske keizer Stefan Dušan en de Servyske despoat Đurađ Branković. De see is by it kleaster yn ferliking mei de rest fan it skiereilân net sa wyld en dêrom hie it kleaster yn it ferline in soad lêst fan piraten. Sadwaande rekke it kleaster yn it neigean en in soad muontsen ferlieten it kleaster. Dat hie ta gefolch dat oanbuorjende kleasters stikken lân ynpikten, itjinge juridyske konflikten feroarsake.

It kleaster slagge der yn om te herstellen en neffens in manuskript út 1569 wurken der doe 51 muontsen oan 'e weropbou. Yn 1655 joech de Russyske tsaar Aleksej I muontsen tastimming om ienris yn 'e fiif jier it lân te bereizgjen om sa jild yn te sammeljen foar it kleaster. Yn 'e selde tiid joegen ek de hearskers fan 'e Donau-foarstedommen foarse bydragen oan it kleaster. Begjin 18e iuw joech biskop Gregoarius fan Melenikon donaasjes en hy waard lang om let ien fan 'e muontsen, dy't it kleaster renovearren. Biskop Daniel fan Tessaloniki makke fan it kleaster mei tastimming fan Gerasimus III fan Konstantinopel in senobitysk kleaster. It relevante patriargale edikt waard yn 1797 publisearre troch patriarch Gregoarius V fan Konstantinopel, dy't ek it ferwoastge súdlik part fan it kleaster op 'e nij bouwe liet.

In tal betûfte abten hawwe it kleaster dêrnei restaurearre en fierder útwreide oant de foarmen sa't dy no binne. Yn it kleaster waard in ikonografyske skoalle stifte, dy't it kleaster jierrenlang grutte tsjinsten ferliende. Under de Grykske Unôfhinklikheidskriich hie it kleaster slim te lijen fan 'e Turken. Tusken 1821 en 1832 besetten de Ottomanen it kleaster, dat se as kazerne brûkten. Restauraasjes fûnen oant 1871 plak.

De 19e iuwske katolikon.

It kleaster bestiet út in oantal ferskillende bouwurken. Alhoewol't it kleaster net letter as yn 'e 11e iuw stift waard, binne de hjoeddeiske gebouwen benammen ûntstien yn 'e earste helte fan de 19e iuw. Rûchwei foarmet it ommuorre kleasterkompleks in rjochthoekich grûnflak mei in grutte binnenhôf. Yn 'e midden fan dy binnenhôf stiet de katolikon tusken de fleugels mei de sellen fan de muontsen, it gastenferbliuw en it refektoarium.

De oan 'e himelfeart fan Kristus wijde katolikon waard op it plak fan in âldere foargonger tusken 1806 en 1810 boud. Yn 1811 folge de ynwijing fan 'e tsjerke troch patriarch Gregoarius V. De tsjerke waard tusken 1811 en 1818 fersierd mei fresko's. Mei it beskilderjen fan de narteks yn 1841 waard de dekoraasje foltôge. De houten ikonostaze is mei ferguld beslach belein en heart ta de moaiste ikonostazes op it skiereilân. Yn de ikonostaze binne foarstellings út it Alde en Nije Testamint ferwurke.

Op 'e súdeastlike hoeke fan 'e tsjerke stiet bûten in hillige boarne, dy't brûkt wurdt foar it wijwetter. De boarne wurdt oerdekt mei in troch acht moarmeren pylders droegen koepel, dy't troch metopen mei byldhouwurk oan inoar ferbûn binne.

It âldste gebou fan it kleaster is it refektoarium, in heal frijsteand gebou oan 'e westlike fleugel. It rjochthoekige gebou waard yn 1810 renovearre en de fresko's út de 16e en 17e iuw binne noch jimmeroan oanwêzich, mar skeind doe't Ottomaanske soldaten dêr ûnder de Grykske frijheidsstriid hûsholden. Dêrnjonken hat it kleaster ek noch ris trettjin kapellen, acht binnen de muorren en fiif bûten de muorren. De wichtichste kapellen binne dy oan wjerskanten fan 'e katolikon.

Yn 'e skatkeamer fan it kleaster wurde tal fan weardefolle saken bewarre. Tegearre mei de bibleteek is de skatkeamer tydlik ûnderbrocht boppe de narteks fan 'e katolikon. Njonken krusen, boeken, klaaiing ensafuorthinne besit it kleaster in grut part fan 'e tinte fan Napoleon Bonaparte, in geskink fan patriarch Gergoarius V oan it kleaster. De muontsen brûke de tinte ienris yn 't jier by de fiering fan 'e himelfeart fan Kristus as in tinte boppe de yngong fan de katolikon.

Op it alter yn 'e katolikon leit it saneamde Krús fan Pulcheria. Underdiel fan it krús binne reliken en in tige wichtich Byzantynsk ikoan. De ikoan toant Kristus yn in steande posysje en wurdt omjûn fan in sulveren list mei de apostels.

It kleaster hat ek in grutte samling manuskripten. Fan 'e 372 manuskripten binne der 75 op perkamint skreaun, guon dêrfan fersierd mei ikonografyske dekoraasjes. Fernemad is it Minologion mei 80 miniatueren. Fieder hat de bibleteek sa'n 2000 printe boeken, wylst noch ris 6000 boeken bewarre wurde yn in oar diel fan it kleaster.

Mei muontsen fan oare kleasters is it Esfigmenou-kleaster belutsen by in lang skeel mei it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel. De woartels fan it skeel lizze yn 'e sûnt it Twadde Fatikaanske Konsylje ferbettere relaasje fan it patriargaat mei de Roomsk-Katolike Tsjerke en dêr ûntstie wranteligens oer by de muontsen fan it Esfigmenou-kleaster. It skeel eskalearre doe't der troch it patriargaat in Esfigmenou-bruorskip oprjochte waard.

De monastike mienskip fan Atos falt fuort ûnder de jurisdiksje fan 'e oekumenyske patriarch en neffens tsjerklik rjocht binne alle muontsen ferplichte om harren ûnder de patriarch del te jaan. Fanwegen de oekumenyske aspiraasjes fan it patriargaat woenen de muontsen lykwols langer net om sizzen jaan. De klachten fûnen harren grûn yn it tsjerklik rjocht dat otterdokse religieuzen ferbiedt om mei "ketters" te bidden.

Sûnt 2002 waard de relaasje fan 'e bewenners fan it Esfigmenou-kleaster en it Oekumenysk Patriargaat noch minder, doe't patriarch Bartholomeus I fan Konstantinopel de opstannige kleastermienskip "skismatysk" ferklearre. Dêrby makke de patriarch gebrûk fan in regel, wêrfan't in soad mienden dat dy makke wie om roomsk-katoliken fan 'e berch Atos te warjen. It hie ta gefolch dat de muontsen neffens de Grykske grûnwet it rjocht ferlearen om op Atos te wenjen. In rjochtbank fan Tessaloniki feroardiele de bewenners fan Esfigmenou om de hillige berch te ferlitten, mar dat wegeren de muontsen en de saak waard oan it Grykske heechgerjochtshôf foarlein. As antwurd liet de Hillige Synoade fan it Oekumenysk Patriargaat de kleastermienskip fan Esfigmenou yllegaal ferklearje en it joech de segen oan 'e foarming fan in nije bruorskip fan Esfigmenou ûnder lieding fan 'e archimandryt Chrysostomos Katsoulieris. Dy nije bruorskip Esfigmenou besocht yn desimber 2006 yn it kleaster te kommen, mar stjitte dêr op fûl ferset fan 'e bewenners en sân muontsen rekken by it deilis slim ferwûne en moasten mei de boat ôffierd wurde foar behanneling. De oare kleasters fan Atos ferklearren harren yn in brief oan 'e patriarch solidêr mei de stânpunten fan Esfigmenou.[1]

Yn jannewaris 2007 hat de distriktsprokureur fan Tessaloniki oanklachten yntsjinne tsjin de muontsen fan Esfigmenou fanwegen fertsjustering fan 'e eigendommen fan it kleaster. De muontsen dêrfoar oer beskuldigje de Grykske oerheid der fan oan dieverij fan identiteit te dwaan en muontsen dy't in libben lang yn it kleaster wenne ha dakleas te meitsjen troch de gebouwen ta te wizen oan in groep mei in oare identiteit. Alhoewol't de Grykske oerheid yn 2016 in blokkade ynstelle liet, wêrtroch't it kleaster ferstutsen bleau fan elemintêre behoeften lykas iten, holden de opstannige muontsen hoek en noch jimmeroan sitte hja yn it kleaster.[2] Yn 2017 fielden de muontsen har bedrige troch de Grykske oerheid, dy't fan doel wêze soe om mei in grutte plysjemacht it kleaster te oerfallen en de abt en muontsen finzen te nimmen. Ek yn it oannimmen fan 'e genderwet yn Grikelân yn 2017 sjocht de monastike mienskip him yn it tradisjonele bestean bedrige, om't de berch Atos in plak is dêr't froulju al mear as 1000 jier gjin tagong ha.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Esphigmenou



Kleasters fan Atos

Agiou Pavlou-kleasterDionysiou-kleasterDochiariou-kleasterEsfigmenou-kleasterFiloteou-kleasterGregoriou-kleasterHilandar-kleasterIviron-kleasterKarakallou-kleasterKleaster Megisti LavraKonstamonitou-kleasterKoutloumousiou-kleasterKsenofontos-kleasterKseropotamou-kleasterPanteleimon-kleasterPantokratoros-kleasterSimonopetra-kleasterStavronikita-kleasterVatopedi-kleasterZografou-kleaster
· · Berjocht bewurkje