Springe nei ynhâld

Skat fan Staffordshire

Ut Wikipedy
Stikken fan de Skat fan Staffordshire
Hantfet

De Skat fan Staffordshire is yn july 2009 yn de omkriten fan Burntwood fûn troch Terry Herbert mei in metaaldetektor, yn it stik lân fan in freon fan him.

De skat wurdt datearre op mooglik de 8e iuw of begjin 9e iuw en bestiet út sa'n 1.500 ûnderdielen fan foaral goud en sulver (totaal 1,3 kg sulver en 5 kg goud en dêrmei grutter as dy fan Sutton Hoo yn 1939). It giet om stikken guod fan Angel-Saksyske oarsprong. De fynst bestiet út stikken fan swurden, riemen en helms, dy't troch manlju brûkt binne en trije krusen. Om't it hjir om guod giet makke fan djoerdere en ryklik bewurke metalen, tinkt men dat de oarspronklike besitters ta de elite heard ha. Wêrom't it guod yn de grûn rekke is, is noch net bekend. Mooglik is der sprake fan in bút, mar it soe ek om in offer gean kinne.

Ien fan de foarwerpen is in lytse stripe fan goud dêr't in sitaat út it bibelboek Numeri (10:35) yn it Latyn op te lêzen is: SURGE DNE DISEPENTUR INIMICI TUI ET FUGENT QUI ODERUNT TE A FACIE TUA ("Surge Domine et dissipentur inimici tui et fugiant qui oderunt te a facie tua"), dat betsjut: "Gean oerein, Heare; lit jo fijannen fersille wurde en jo haters foar Jo op 'e flecht gean."[1]

Histoaryske eftergûn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Staffordshire wie yn de 7e iuw part fan it keninkryk Mersia. Ut dy tiid binne suver gjin skreaune boarnen bekend. Fan de lieders út dat tiidrek binne al guons bekend: Penda en Offa.

De skat wurdt fan grut belang achte. Guon Ingelske wittenskippers beskôgje de fynst as "like wichtich as de Lindisfarne Evangeeljen of it Boek fan Kells" en tinke dat de fynst ús begryp fan Angel-Saksysk Ingelân "folslein feroarje sil, faaks noch mear as de ûntdekkings fan Sutton Hoo".[2]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. | De ynskripsjes 2009-09-24
  2. | De skat fan Staffordshire: Berjocht dat men stjûrd hat